Provinsje tsjin nije gaswinput by De Blesse: "Effekten op miljeu ûndúdlik"

© ANP Foto
De provinsje Fryslân is tsjin in nije gaswinput fan Vermilion by De Blesse yn Weststellingwerf. De provinsje, de Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân hawwe hjirfoar in negative sjenswize yntsjinne by it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Fryslân soarget, nei de provinsje Grinslân, foar de grutste gasproduksje yn Nederlân. "In hiel soad minsken wite dat hielendal net, mar we hawwe yn Fryslân op it lân mar leafst aktive 68 gaskranen dy't it gas út de ûndergrûn omheech helje", seit deputearre Friso Douwstra. Hy is der prinsipieel op tsjin dat der noch mear putten by komme.
Douwstra realisearret him ek dat de lanlike oerheid seit dat Nederlân foarearst noch gas nedich hat en dat it Ryk úteinlik beslút oft der wol of gjin gaswinning komt. Hy fynt dêrom dat, as der dochs gas wûn wurdt, in part fan de opbringsten fan al dy gaswinputten oan Fryslân te'n goede komme moat.
Deputearre Friso Douwstra © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Mar noch leaver hat er gjin nije gaswinputten, lykas by de nije gaswinlokaasje Blesdike-East. Douwstra hat in hiele searje tsjinarguminten.
"De effekten op it miljeu binne ûndúdlik. Yn it winningsplan is net beskreaun wat de gefolgen binne foar it sakjen fan de boaiem en we wite ek net wat de gefolgen binne foar it Unesco-wrâlderfgoed Frederiksoord, dat dêr tichteby leit. Wy sizze dêrom: doch it net."
Douwstra fynt dat de gaswinning yn Fryslân net noch fierder útwreide wurde moat. "Wy binne hjir yn prinsipe op tsjin, mar as it dochs gebeurt, dan wolle we foech hawwe oer hoe't der wûn wurdt, wêr en oer wat der mei de opbringsten dien wurdt."