Andries Noppert seit nee tsjin The Passion: "Mar oan dit programma wol ik wol meidwaan"

Nei it WK fuotbal is in soad op Hearrenfean-keeper Andries Noppert ôfkaam. Bysûndere fersykjes ek. Sa frege The Passion oft hy meidwaan wol en frege Kinderen voor Kinderen oft hy komme woe. Tsjin hast alles seit Noppert nee, mar oan ien programma soe hysels wol graach meidwaan wolle.
Sûnt it WK yn Katar komme der allegear fersykjes by de mediaôfdieling fan sc Hearrenfean. Noppert sommet se op: "Fan Stuk TV hast it programma De Kluis. Ik ha in fersyk krigen fan The Passion, Rooijakkers over de vloer. Sels Kinderen voor Kinderen belle."
Mar tsjin hast alles seit de keeper nee. Omdat it oars te drok is, mar ek om himsels te beskermjen. "Fan it measte wurde je sels net better, tink ik." Mar dat net allinnich. "Neffens my komme der net in hiel soad fuotballers in soad op telefyzje. Dus ik ha tsjin de measten nee sein."
Het Jachtseizoen wol in serieuze opsje
Der is lykwols ien programma dat Noppert wol wat liket. "Ik ha wol sein tsjin de mediaôfdieling fan Hearrenfean: Het Jachtseizoen, dat fyn ik wol hiel leuk. Dus as ik dêr oan mei dwaan mei, soe ik dat wol hiel graach wolle. Dat fyn ik gewoan leuk om nei te sjen. Mar programma's as RTL Boulevard. Dêr sis ik nee tsjin."
Mar aktearje yn The Passion dan? "Nou, nee, dankjewol." En Kinderen voor Kinderen? Dan moatst miskien sjonge? "Ja, no ja, ik kin wol in bytsje sjonge. Mar dat moat mar net."
Andries Noppert oer syn nije libben
It jout allegear mar oan hoe bot it libben fan de Jouster feroare is. It is net mear sa as it goed in jier ferlyn wie, doe't hy noch twadde keeper wie by Go Ahead Eagles.
"It is wol in soad feroare", seit Noppert. "It is net sa datst ergens komst, dat gjinien dy mear ken. Faak wolle se ek wat fan dy. Yn de foarm fan in hantekening of in foto. Dat is oan de iene kant hiel leuk, mar soms hast it leaver net. Mar dat moatst ek akseptearje. Blykber is dat myn nije libben, en dat is ek goed."
Net altyd posityf
Faak is it posityf en meastentiids ek wol aardich, mar dat fynt hy net altyd. "Ik tink hoe mear asto herkend wurdst, hoe minder it wurdt. Dêr bin ik ek hiel earlik yn. Omdat it ek moai is om ergens te kommen en te dwaan en litten watst wolst. Dat is no net mear. Mar moatst dy foarstelle wat fuotballers ha dy't folle mear prestearre ha. Ik kin my net foarstelle dat dat noch leuk is."

Tiisdei waard de nije bûnscoach presintearre. Noppert hat de parsekonferinsje mei Ronald Koeman net sjoen. "Ik ha der net folle fan meikrigen, mar it is hiel simpel. As der in nije bûnscoach komt, makket dy syn eigen keuzes. Ik tink datst al hiel bliid wêze meist datst by it Nederlânsk alvetal sitst."
Wol hat Noppert al kontakt hân mei de keeperstrainer fan Oranje Patrick Lodewijks. "Ja. En hy komt hjir sa gau mooglik ris hinne om in bakje kofje te drinken. En by te praten."
Noch gjin konkrete ynteresse foar Noppert
Hoewol't der in soad op Noppert ôfkomt, binne der noch net in soad klups dy't op him ôfkaam binne. "Nee, it is lekker rêstich. Hearlik. Dan kinne je je gewoan fokusje op wat je dwaan moatte. It measte moatte je net iens hearre wolle. En as der wat konkreet is, moatte se har by de klup melde en dat is noch net gebeurd."
Andries Noppert oer Oranje en de transferperioade
Dus hoe grut is de kâns dat Noppert by sc Hearrenfean bliuwt? "Oant no ta hiel grut." Dochs soene je foar in keeper dy't by it Nederlânsk alvetal spile hat en in flaterleas WK meimakke hat dochs wat mear ynteresse ferwachtsje. "Ik ferwachtsje echt net dat der in topklup op de stoepe stiet", seit Noppert.
"En sjoch, de transferperioade yn de winter is wol hiel oars as yn de simmer. Soms ha je dan ek panykoankeapen. Je moatte der sels ek wat in goed gefoel by hawwe, it moat passe. It is allegear net sa maklik as it liket. En ik hoech hjir net fuort, ik sit hjir goed. Der moat wol echt wat hiel moais foarbykomme en dat is der oant no ta noch net."
De wedstriid tusken Fortuna Sittard en sc Hearrenfean set woansdeitejûn om 20.00 oere útein. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio. It kommentaar komt fan ferslachjouwer Roelof de Vries.