Ultee en supporters binne fertrouwen kwyt yn Virgínia, mar is dat wol terjochte?

De rop om in keeperswiksel by SC Cambuur waard ûnder de supporters de lêste wiken hieltyd grutter. Mei as dúdlikste sinjaal it sjongen fan de namme fan reservedoelman Robbin Ruiter ûnder de wedstriid tsjin Sparta, nei't João Virgínia nei achttjin minuten alwer twa tsjintreffers om 'e earen krigen hie.
Trainer Sjors Ultee is no ek oertsjûge. Dêrom stiet yn de kommende wedstriid Ruiter ûnder de latte. Mar dochs bliuwt de fraach: wie Virgínia echt sa min?
As we sjogge nei it tal tsjintreffers, dan binne der mar twa doelmannen yn de earedivyzje dy't faker de bal út it net fiskje moasten. Virgínia krige 28 goals tsjin, wylst Stijn van Gassel fan Excelsior Rotterdam 38 ballen trochliet en Filip Stankovic 42 kear passearre waard. Allegear spilen se dit seizoen santjin kear yn de earedivyzje.
Trije keepers foarkamen mear goals
In grut tal Cambuursupporters hie fraachtekens by de kwaliteiten fan de 23-jierrige Virgínia, dy't al minuten makke yn de Premier League en de Champions League. Ut sifers fan sportstatistikeburo Opta docht lykwols bliken dat der mar trije keepers mear doelpunten foarkamen as Virgínia.
Dat wurdt berekkene op basis fan Expected Goals on Target. Dêrby wurdt metten hoe grut oft de kâns is dat in skot resultearret yn in doelpunt. Dat bart op basis fan de kwaliteit fan de lokaasje fan de kâns en it plak dêr't it skot úteinlik op de goal komt.
In skot dat fan seis meter yn 'e hoeke sketten wurdt, krijt bygelyks in hegere wearde as in skot fan fjirtich meter dat rjocht op de doelman ôfkomt.
Gelok of kwaliteit?
Virgínia krige dus 28 doelpunten tsjin, dêrfan wie ien in eigen doelpunt. Dy wurdt net meinaam yn de berekkening. Op basis fan de kwaliteit fan de skotten soe Virgínia yn trochsneed 30,3 doelpunten tsjin krigen hawwe moatte. Dêrmei hat er in posityf saldo fan 3,3 doelpunten.
Dat betsjut dat de Portugees óf gelok hân hat yn de earste helte fan dit seizoen óf in boppegemiddelde kwaliteit hat om skotten tsjin te hâlden.
De top fiif yn de earedivyzje
Doelman | Klup | Doelpunten foarkaam |
1. Lars Unnerstall | FC Twente | 6,8 |
2. Nick Olij | Sparta Rotterdam | 6,6 |
3. Jeffrey de Lange | Go Ahead Eagles | 4,3 |
4. João Virgínia | SC Cambuur | 3,3 |
5. Andries Noppert | sc Hearrenfean | 2,8 |
It is de fraach oft de yntusken 35-jierrige Ruiter dat better dien hie. Yn it seizoen 2020/21 spile Ruiter tsien wedstriden foar Willem II yn de earedivyzje, dêryn hie er in negatyf saldo fan 4,4 doelpunten.
Omrekkene nei 90 minuten krige Ruiter 0,44 doelpunten mear tsjin as je ferwachtsje soene. Virgínia sit dit seizoen op in posityf saldo fan 0,17 doelpunten de 90 minuten.
Minne passes
Neist dat gelok dus in faktor spilet op dizze ranglist, binne der fansels mear kwaliteiten dêr'tst in slútpost op beoardielje kinst. Tsjin Sparta levere Virgínia bygelyks samar in bal yn, dat úteinlik yn in tsjindoelpunt resultearre. Dat is net werom te sjen yn de boppesteande sifers.
It is lestich om oan datsoarte fan flaters in sifer te hingjen, mar wol is bekend dat de Cambuurkeeper yn fergeliking mei oare doelmannen yn de earedivyzje kwa persintaazje suksesfolle passes op it trettjinde plak stiet.
De keepers mei it bêste passingspersintaazje
Doelman | Klup | Persintaazje suksesfolle passes |
1. Remko Pasveer | Ajax | 79,9% |
2. Walter Benítez | PSV | 77,7% |
3. Justin Bijlow | Feyenoord | 76,6% |
4. Vasilios Barkas | FC Utrecht | 74,4% |
5. Nick Olij | Sparta Rotterdam | 73,5% |
8. Andries Noppert | sc Hearrenfean | 70,7% |
13. João Virgínia | SC Cambuur | 66,4% |
Fan de 673 passes dy't er dit seizoen joech, kamen der 447 oan. Dat is in persintaazje fan 66,4. Remko Pasveer docht it mei 79,9 persint suksesfolle passes it bêste yn de kompetysje, mar hy kiest fan alle doelmannen it minst faak foar in lange bal.
Op it mêd fan lange ballen skoart Virgínia dan trouwens wer relatyf goed. Mei in suksespersintaazje fan 38,1 persint stiet er op it sânde plak.

De sifers sprekke dus net perfoarst yn it neidiel fan de Portugees. Mooglik dat er dêrom ek net in soad muoite hie om sawol nei ôfrin fan de thúswedstriid tsjin FC Volendam (0-3 ferlies) as nei de wedstriid tsjin Sparta (0-3 ferlies) de teloarstelde supporters te wurd te stean.
Oft Ultee goed docht oan de keeperswiksel moat de takomst útwize. Tongersdeitejûn wurdt Ruiter foar it earst test. Dan stiet der foar Cambuur in útwedstriid tsjin direkte konkurrint FC Groningen op it programma.