Tsientallen Fryske sikehûsbêden beset troch pasjinten sûnder akute soarchfraach

© ANP
Tsientallen bêden yn Fryske sikehûzen binne beset troch pasjinten dy't gjin sikehûssoarch nedich ha. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân by de Fryske sikehûzen. It oantal soe op dit momint fariearje tusken de 55 en 60 minsken dy't wachtsje op in oerpleatsing, bygelyks foar fierdere refalidaasje.
Neffens de sikehûzen binne it benammen âlderen dy't (te) lang lizzen bliuwe. Yn it MCL yn Ljouwert wachtsje deistich gemiddeld 25 pasjinten op in trochferwizing. Al dy minsken hâlde in sikehûsbêd beset. Twa jier lyn wiene dat der noch sa'n 15.
Oare Fryske sikehûzen ha ek mei it probleem te krijen. Sa jout it Tjongerschans op It Hearrenfean oan dat de wachttiid fan dizze pasjinten ferskilt fan ien dei nei útsjitters fan tsien dagen.

'Echt een zorg'

"We zien dat het de afgelopen jaren stijgt en dat is wel een knelpunt dat ontstaat", leit manager akute soarch Remko Seinstra fan it MCL yn Ljouwert út. "Daar maak ik me wel zorgen over. Als wij allemaal mensen hier hebben liggen die wachten op vervolgzorg, kunnen wij in potentie onze reguliere zorg niet meer uitvoeren. Dat is wel echt een zorg."
Fryske sikehûzen wrakselje mei pasjinten dy't in bêd beset hâlde, mar gjin soarch nedich ha
"We zien dat het vooral gaat om ouderen", fertelt Seinstra. "In het ideale geval liggen die mensen één of twee dagen hier, niet langer. Dat is voor ons niet goed, maar ook voor henzelf. Zij kunnen verderop in de zorgketen veel beter geholpen worden, dus uiteindelijk is deze situatie voor niemand wenselijk."

Nij Smellinghe docht it oars

Allinnich sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten meldt in delgong fan it tal pasjinten dat in bêd beset hâldt. Dat komt trochdat se dêr sûnt in jier yntinsyf gearwurkje mei soarchorganisaasje ZuidOostZorg. Dy hat, yn itselde gebou as it sikehûs, in eigen ôfdieling. Pasjinten dy't te goed binne foar in sikehûsbêd kinne dêr telâne.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
"Ouderen die in het ziekenhuis terecht zijn gekomen maar geen specialistische zorgvraag meer hebben, stromen door naar ons", seit regiomanager Karine van der Kraan.
De saneamde ATOO (Afdeling Tijdelijke Opname Ouderen) sit yn itselde gebou as it sikehûs, mar wurdt folslein beminske troch de soarchorganisaasje. "Wij kijken dan wat er nodig is om die patiënten in zeven dagen tijd goed naar huis te laten gaan."

Elk sikehûs in eigen ATOO?

Foardiel foar it sikehûs is dat der minder pasjinten in bêd beset hâlde. Pasjinten kinne better holpen wurde en foar ZuidOostZorg sit it foardiel yn it feit dat der folle minder oerlis mei Nij Smellinghe nedich is. "Op deze manier komen mensen meteen op de juiste plek terecht", seit Van der Kraan. "Dan kunnen wij direct de juiste zorg verlenen."
Moat elk sikehûs no in eigen ATOO opsette yn gearwurking mei lokale soarchorganisaasjes?
"Het probleem is van meerdere factoren afhankelijk", wit Van der Kraan. "Maar we zien dat deze afdeling invloed heeft op de ligduur van patiënten in het ziekenhuis. Wij denken dan ook dat dit een stukje van de puzzel is en willen iedereen oproepen hier ook mee te experimenteren."