Knegt werom yn nasjonale seleksje foar wrâldbeker yn Dresden

Sjinkie Knegt is selektearre foar de wrâldbekerwedstriden yn Dresden. Bûnscoach Niels Kerstholt passearre de Bantegeaster noch foar it EK yn it Poalske Gdansk.
Knegt slagge der doe net yn him op eigen krêft te pleatsen op it NK shorttrack yn Ljouwert. De KNSB joech him gjin oanwiisplak.
Mei Suzanne Schulting, Rianne de Vries en Itzhak de Laat sitte der yn totaal fjouwer Friezen yn de wrâldbekerseleksje. It is noch net dúdlik wa't op hokker ôfstân ride mei.
De wrâldbeker yn it Dútske Dresden wurdt fan 3 oant en mei 5 febrewaris ferriden.