Bom by Surhuzum blykt grutte stien, mar it ûndersyk giet dochs troch

Se wienen foar 95 prosint wis dat it in bom wie, mar nei ûndersyk is dúdlik wurden dat it objekt dat yn de greide by Surhuzum leit gjin eksplosyf is. Wat dan wol? In stik stien mei izer deryn.
It fermoeden bestie dat der in net-ûntplofte bom út de Twadde Wrâldoarloch yn de greide lei. Dy soe ôfkomstich wêze fan it Amerikaanske fleantúch Sky Queen, dat op 28 july 1943 delsketten waard.
Foar it opgraafwurk wie it spesjalisearre bedriuw Tavela nei Surhuzum kaam. Foarûndersyk hie al befêstige dat der in objekt yn de grûn siet mei de omfang fan in bom. It opgraafwurk makke lykwols dúdlyk dat it in stien is. Foar de wissichheid wurdt yn de omjouwing noch wol fierder socht.
De syktocht nei de tsiende bom by Surhuzum waard opset troch Bindert Helder. As njoggenjierrich jonkje seach er dat de Sky Queen, dy't doe ûnderweis wie nei Kassel yn Dútslân, ûnder fjoer kaam.
Bom by Surhuzum blykt grutte stien te wêzen
De Sky Queen stoarte del yn de greide. Dêrby kamen njoggen fan de alve bemanningsleden om it libben, de twa oaren binne út it fleantúch sprongen. Dy hienen it bommelûk iepene, om dêrtroch hinne te ûntsnappen.
Ien fan de bommen is lykwols net ûntploft, sa kaam Helder nei ûndersyk te witten. "Ik was aan het zoeken naar de achtergrond van de mensen, maar toen kwam ik ook technische informatie tegen. Toen ontdekte ik dat er tien bommen waren, maar in het proces-verbaal stond heel nauwkeurig dat er negen bommen waren gevallen."
By syn ûndersyk stjitte Helder ek op skerven fan de tsiende bom. Wêr't dy leit, bliuwt lykwols de fraach. Mei dêrom hat it bedriuw Tavela witte litten noch ferfolchûndersyk te dwaan.
