Dit binne de earste nammen fan Into The Great Wide Open

Into The Great Wide Open 2019 © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De earste nammen fan Into The Great Wide Open binne bekend makke. Under oaren Squid, Charlotte Adigéry & Bolis Pupul en Agar Agar reizgje fan 't simmer ôf nei Flylân foar in optreden.
De trettjinde edysje fan it festival is fan 31 augustus oant en mei 3 septimber. Der komme post-punkers lykas Squid, Charlotte Adigéry & Bolis Pupul, Altin Gün mei Turkske psychedelika, en de Frânske acts Agar Agar en dus La Femme. Dy lêste is de iennige act dy't noch net earder op it festival te sjen wie.
Dêrnjonken dogge de rockbands STONE, KEG en Beige Banquet it eilân oan. Der is ek noch romte foar oare folk- en popbands.