Resinsje Knock Out: "In stjit ûnder de gurdle"

Henk te Biesebeek beskôget Knock-Out troch Tesselschade © Omrop Fryslân
In toanielstik as in bokswedstriid. Toanielferiening Tesselschade lit it publyk yn har lêste foarstelling alle hoeken fan de ring sjen. En op 'e nij blykt it houlik net it hechte bastion te wêzen dat we sa graach wolle. Mei oan 'e ein dy finale stjit ûnder de gurdle: Knock-Out.
Persoanlik wit ik eefkes net oft dizze perioade wol it ideale momint foar troude stellen is om nei it Fryske teäter te gean foar in noflik jûntsje fuort.
Nei earder al twa ienakters oer in treasteleas houlik spile troch Titia Huisman, Anneke Hondema en Wybe Koldijk yn Us Man, komt no ek Tesselschade mei in stik oer houliken dy't net binne wat se foar de bûtenwrâld lykje. Au!
Knock-Out: neat is wat it liket © Annelies Agema
Toanielferiening Tesselschade yn Hurdegaryp bestiet al 150 jier. Dan is it raar te hearren dat de kearn noch mar út in hantsjefol spilers bestiet, dat lang net altyd opdrave kin.
Regisseur Anny Veenstra moat dan ek gauris in berop op gastspilers dwaan. It foardiel dêrfan is dan wol dat se oan typecasting dwaan kin. Ek foar Knock-Out socht se de karakters hiel krekt út by har personaazjes.

Komeedzje

It toanielstik is oarspronklik skreaun troch de Iraansk-Frânske skriuwster Yasmina Reza. In komeedzje oer twa pearen dy't bymekoar op besite komme om in gewelddiedich skeel tusken har beide soannen út te praten. Op de tennisbaan ha beide jonges spul krigen en dêrby hat ien fan har de oar mei in tennisracket de tosken út 'e mûle slein.
In komeedzje, mar dreech om te spyljen © Annelies Agema
Hoewol't al gau dúdlik wurdt dat it stânferskil tusken beide famyljes grut is, de merkkeapman tsjinoer de suksesfolle advokaat, wurdt der dochs troch beide partijen fan útgien dat dizze kwestje gau út de wrâld holpen wurde kin. Mar dat komt dochs eefkes oars.

Houlik

Sterker, de besite rint folslein út de hân. Want neat is wat it liket. Sjoch mar... It beskaafde gedrach nei-inoar oer blykt in waaksen noas. Lytse yrritaasjes wurde al gau in ferbale striid fan hurd tsjin hurd. Man en frou blike al gau gjin ienheid mear te wêzen, mar yndividualisten dy't benammen rekken hâlde mei harsels.
Want it houlik, ach dat houlik, stelt eins ek neat foar. De man is ommers foar de froulju net mear as in stik ûnnedich ballêst, in knoffelige klungel.
En de froulju, ach dy tinke tefolle nei, wêrtroch't se altyd en oeral swierrichheden feroarsaakje. 'En tink derom, net ús soan, mar eins dy fan jimme is de wiere skuldige', sa is it ferwyt nei-inoar oer.
Tesselschade spilet Knock Out © Annelies Agema
Wat dan folget is in ôftakeling fan persoanlike karakters, fan minsken dy't yn alle emoasjes en lilkens de freeslikste dingen tsjin- en oer-inoar sizze. Net allinnich de geast wurdt útklaaid, de personaazjes komme dêrby letterlik yn har himd te stean.
Moai hoe't dan nei alle strideraasjes, kompleet mei goai- en smytwurk, dy apokalyps wol in hiel ferrassend slot krijt...
It houlik op 'e hispel © Annelies Agema
Alle lof foar regisseur Anny Veenstra. Dizze foarstelling is har swier fallen, liet se earder witte. In dreech stik om te spyljen. Dreech om te regissearjen ek. Want Knock-Out is ta einbeslút in blijspul. Mar mocht neffens Veenstra perfoarst net in klucht wurde. Oan datsoarte stikken sûnder ynhâld hat se nammentlik it mier.
Dat freget in soad fan har spilers. Mar Stienie Boskma, Johan Thijssen, Hennie Veenstra en Gerrit de Boer bliuwe stik foar stik kreas oerein. Hearlik om te sjen hoe't Stienie sabeare dronken troch tefolle whiskey einlings de leie fan it gedweeë húswyfke doart ôf te smiten...
De regisseur wie nei ôfrin fan de generale dy't ik meimeitsje mocht tefreden. Al dielde se wol de krityk dat de spilers de spanningbôge te strak hâlde en no en dan perfoarst wat gas weromnimme moatte. It stik hat nammentlik fan himsels al gong genôch.
Likegoed it publyk as de spilers sels kinne wol wat mear rêstmominten brûke. Dat moat dus noch eefkes oars...

Leafde

Anny Veenstra, al 45 jier regisseur fan Tesselschade, fynt harsels wolris te hurd foar har spilers. Perfeksjonistysk as se is, de keninginne fan it detail. Mar boppe-al wol se har leafde foar toaniel op spilers en publyk oerbringe. Dat is mei Knock-Out slagge.