Gordyksters bepale sels hoe't se 200.000 euro ferpartsje

Hiske de Schiffart en Jasper Assen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Der is 200.000 gemeentejild beskikber op De Gordyk. En de Gordyksters meie sels útmeitsje wat se dermei dogge. Minsken kinne har plannen yntsjinje by it projekt 'De Gordyk Oan Set', wêrnei't ynwenners stimme kinne.
"It is wol in bytsje de keunst fan it loslitten, dat is net altyd like maklik foar bestjoerders", seit projektlieder Hiske de Schiffart. It is wat spannend foar de útfierende wethâlder: plannen dy't net fan de gemeente sels komme, mar by de bewenners wei.
Gewoanwei betinkt de gemeente hoe't, wêr't en wêrom't op guon plakken bygelyks bankjes komme. No komme Gordyksters der sels mei.
Twa ton. Wat kinst dêrmei dwaan yn dyn doarp of stêd? De Gordyksters witte it wol. Sy hawwe fyftich plannen yntsjinne: fan in bernebad foar it swimbad oant in hûneboartersplak yn park De Groene Long.
Jasper Assen is trainee fan de gemeente en belutsen by it projekt. Hy wie oanwêzich yn de Gordykster biblioteek doe't minsken mei de ideeën kamen: "Het was ontzettend leuk. Je hoort direct van de mensen zelf wat er speelt in het dorp."

Oan it wurk mei de top 10

"Sommige mensen hebben al helemaal uitgedacht hoe hun plan er uit ziet, de ander heeft er een beetje bij hulp nodig", seit Assen.
Ynwenners fan De Gordyk hawwe oer de ideeën stimd en sa bliuwe der tsien plannen oer. De Schiffart: "Hiel wikseljend, mar hiel leuk. Guon wiene al hielendal taret mei filmkes, tekeningen en offerten."
"Mar der wiene ek minsken dy't yn de krystfakânsje seagen dat se heech stiene en tochten: 'Ik stean bêst wol heech, dan moat ik der daliks ek wat mei.' Mar dy begeliede wy graach om in goed plan te meitsjen."
Ik tink dat wy oan de ein fan it jier echt grutsk weromsjen kinne.
Hiske de Schiffart
Op 20 febrewaris komt in nije stimronde, dêr't de tsien populêrste plannen oan meidogge. Gordyksters krije dan in 'firtueel winkelkuorke fan twa ton', dat se ferpartsje kinne oer de ferskate projekten.
De fjouwer oan seis plannen dy't op 27 maart it measte 'jild' ophelle hawwe, wurde dan foar de ein fan it jier útfierd.
Fansels hat de gemeente wol wat ynfloed, want de plannen meie bygelyks net soargje foar ûnfeilige situaasjes. Dêrmei falt de nervositeit fan de bestjoerders úteinlik wol ta.
De Schiffart is yn elts gefal út de skroeven: "Ik fyn it echt prachtich. Dêr't earder wolris sein waard dat 'de gemeente foar ús bepaalt', krije de ynwenners no sels de kâns om mei te tinken. Ik tink dat wy oan it ein fan it jier dan ek echt grutsk weromsjen kinne op plannen dy't troch en foar ús ynwenners útkeazen binne."