Biblioteken jouwe minder boeten, mar de Ljouwerter kiest der bewust wól foar

Yn de biblioteek © ANP
Mear as de helte fan de biblioteken yn Nederlân jout gjin boete mear as in boek te let ynlevere wurdt, sa die bliken út ûndersyk fan de NOS. Yn Fryslân ek net, mar dbieb yn Ljouwert docht dit bewust noch wol.
De boeten smite ek ynkomsten op. De Ljouwerter biblioteek krijt alle jierren 80- oant 85.000 euro oan 'telaatgelden', sa't Hans van der Veen fan dbieb dizze ynkomsten neamt. Eartiids hat it wol 160.000 euro it jier west, mar mei de 'ûntlêzing' fan de maatskippij naam ek dit bedrach ôf.
De biblioteek hat bewust de boete noch net skrast. "We hebben een aantal jaar geleden gekozen om niet rücksichtslos de telaatgelden af te schaffen. Want als je handhaving afschaft, kun je te maken krijgen met een verlening van de leentermijnen. Daarmee leg je druk op je collectie."

Rûlaasje fan de kolleksje

As in boek langer by ien thús leit, wurde de konsekwinsjes foar de beskikberens fan de kolleksje ek grutter. En de Ljouwerter biblioteek moat wol wach wêze op de kolleksje: "Toen we van het Beursgebouw naar de Blokhuispoort verhuisden, moesten we een aardige ingreep doen in de omvang onze collectie, omdat we veel minder vierkante meters tot onze beschikking hadden."
Mar Van der Veen wol it effekt fan de boeten ek net oerdriuwe. "Het lijkt heel dramatisch dat we met zo'n streng boetesysteem werken, maar aan de andere kant zijn wij ook erg servicegericht. Je kunt 24 uur per dag via onze website verlengen, er is een speciale app voor op de telefoon en je kunt ook nog bellen met ons servicebureau."
dbieb wol allinne fan it boetesysteem ôf as it oertsjûge is dat it gjin gefolgen hat op de 'rûlaasjesnelheid' fan de boekekolleksje, sa't de brûkers fan de biblioteek tefreden bliuwe kinne, seit Van der Veen.