90 jier lyn foar it earst auto's oer de Ofslútdyk, dy't doe noch in tolwei wie

In auto op de Ofslútdyk yn it ferline © De Afsluitdijk
It is eksakt 90 jier lyn dat foar it earst ferkear oer de Ofslútdyk litten waard. De dyk soe pas op 25 septimber 1933 folslein iepensteld wurde. Mar oant dy tiid waard autoferkear wol beheind talitten.
De dyk bestie noch út betonplaten en hie mar ien rydstripe foar eltse rjochting. Ek moast der noch tol betelle wurde, dat nei it Nationaal Crisis Comité gie. Dat wie oprjochte foar de slachtoffers fan de ekonomyske krisis yn Europa. Doe't de dyk yn septimber offisjeel iepene, wie der sa'n 100.000 gûne mei ophelle.
It earste ferkear mocht allinne 'tusschen zonsopgang en zonsondergang' oer de dyk, sa liet de direkteur-generaal der Zuiderzeewerken witte, 'doch niet langer dan van 7-19 uur.'
"Toegelaten worden voetgangers, rijwielen en motorrijwielen, voertuigen en motorrijtuigen zonder aanhangwagens met geen grooter wieldruk fan 1200 k.g. en met niet meer dan twee assen", sa liet it Leeuwarder Nieuwsblad twa dagen yn 't foar witte.
De betonplaten op de dyk © De Afsluitdijk
"Gewaarschuwd wordt tegen de aanwezigheid van zachte bermen langs de verharding en tegen plaatselijke gladheid van den weg, door de aanwezigheid van morsgrond tengevolge van nog in uitvoering zijnde grondwerken", stie ek yn de blêden.