'De Mimmetaal' hat de smaak te pakken en jout temajûnen yn it 'Schylingers'

John Potharst en syn pake © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It begûn ferline jier as in proef, mar Skylge hat de smaak te pakken. Takom moanne set in nije rige praatjûnen útein fan Stichting De Mimmetaal, om it 'Schylingers' nij libben yn te blazen.
'Preitsje mar Schylingers', oftewol: praat mar Schylingers: ien fan de trije dialekten op Skylge. Dat is it doel fan Stichting De Mimmetaal.
Op Skylge wurdt foaral Nederlânsk praat, mar de trije dialekten it Aasters, Meslânzers en it Skylingers lykje te ferdwinen. It dialekt wurdt net mear fan generaasje op generaasje trochjûn. Dêr moat neffens in tal eilânbewenners feroaring yn komme, yn 'e hoop dat it Schylingers noch te rêden is.
It 'Schylingers' moat wer mear brûkt wurde
Nei in oprop op Terschelling TV die bliken dat der wol ferlet wie fan in kursus. Dêrnei waard De Mimmetaal oprjochte mei in wurkgroep en in eigen side op Facebook. Ein jannewaris ferline jier waard in earste 'Preitsje mar Schylingers'-jûn holden.
Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Edith de Witt-Roos fertelt dat De Mimmetaal der op 'e nij foar giet. "We hebben twee avonden in februari en twee in maart."

Tsientallen eilanners yn 't spier

Al 65 minsken hawwe har dêrfoar oanmeld. "Het gaat hartstikke goed. In groepjes is het prima te doen. We hebben dit jaar ook een behoorlijk aantal mensen dat het al goed spreekt en die aanschuift."
De minsken dy't it noch fan hûs út witte, binne al wol âld. "De generatie van mijn vader, de 70'ers en 80'ers." Dêrom is it sa wichtich dat ek jongere minsken it leare. "Zo proberen we het in leven te brengen en te houden."
John Potharst © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De Mimmetaal hat besletten dit jier mei fjouwer tema's te wurkjen, dy't ferbûn binne oan it eilân. "Terschellingers vertellen over het thema. Bijvoorbeeld het reddingswezen: daarbij wordt er aandacht besteed aan wat de KNRM voor het eiland doet." John Potharst mei oer de KNRM fertelle, mar docht dit dus yn it 'Schylingers.'
En dan folget der ek skoalwurk: "We maken een woordenlijst van de woorden die in het verhaal terugkomen. We pakken ook een verhaal uit het verleden waar we over praten en voorlezen. Zo oefenen we de taal."
Edith de Witt-Roos en John Potharst