Fan jiskebak oant taapkraan: HCL siket guod út Ljouwerter kafees fan eartiids

Ynterieur kafee by de feemerk, 1962 © HCL
Hoe seach it kroechlibben yn Ljouwert der yn it fiere ferline út? Dat wol it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) sjen litte mei in nije eksposysje.
It HCL is dêrfoar noch wol op syk nei hoarekamateriaal fan eartiids, lit Pieter van der Ende fan it Ljouwerter ynformaasje- en aktiviteitesintrum witte. "We zijn op zoek naar objecten, ook wel foto's, van de Leeuwarder horeca. Van hotels, restaurants, kroegen en cafés."
Yn de eksposysje steane in tal fragen sintraal, fertelt Van der Ende. "Wie kwamen er vroeger in de horeca? Wat voor betekenis, wat voor rol had het? Wat gebeurde er? En bij zo'n expositie is het natuurlijk ook mooi dat je de sfeer kunt proeven, dus we zijn naar wat excentrieke, herkenbare dingen op zoek."

19e-iuwske taapkraan

It HCL hat al ferskate saken binnen krigen, fia oproppen op meardere Facebook-pagina's. "We hebben een hele bijzondere 19e-eeuwse taapkraan uit een café uit Leeuwarden binnengekregen. We hebben al een paar asbakjes van Leeuwarder cafés en foto's van het interieur van de oude marktcafés aan de Lange Marktstraat."
Ynterieur Oranje Bierhuis, 1909 © HCL
Kroegen hiene yn it ferline in hiel wichtige funksje, seit Van der Ende. "Meer nog dan nu. Veel arbeiders gingen naar stakroegjes, de wat beter gesitueerde heren naar de sociëteiten. Je had natuurlijk de hotels voor de handelsreizigers bij het stationsgebied en het oude veemarktterrein. Dat was heel rijk."

Histoaryske kroegetocht

Ut de eigen kolleksje hat it HCL al bysûnder printwurk, in soad foto's en wat objekten. "We zijn op dit moment ook bezig met een publicatie, die in de zomer uit moet komen, zodat je langs verdwenen en nog bestaande horeca in Leeuwarden kunt lopen." Sa'n histoaryske kroegetocht kin mei in gids, mar ek op eigen manneboet rûn wurde.
De eksposysje is fan 28 april oant healwei septimber. Minsken dy't noch materiaal foar de tentoanstelling ha, kinne in mailtsje stjoere nei it HCL.