Frysktalige festival Aaipop krijt mei Trûbadoerskafee ekstra poadium

Aaipop © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It Frysktalige festival Aaipop krijt dit jier in ekstra poadium. It nije Trûbadoerskafee kreëarret in plakje dêr't it publyk yn kroechsfear genietsje kin fan ferskate Fryske ferskes.
Earder koenen besikers yn de Harksankjeseal rêstich harkje nei de artyst. Fan fêste besikers wie de winsk dat der noch sa'n plak komme soe en dat is der no kaam mei it kafee. Besikers kinne har sa ek mear ferspriede oer it terrein. Jan Nota en Adri de Boer stean dit jier ûnder oare programmearre yn it nije kafee en de Harksankjeseal.
Op de twa grutte poadia, de Tongertinte en de Teneftertinte, stiet ûnder oare de band Jarretank en ek De Doelleazen binne dit jier wer fan de partij.
De kaartferkeap foar it festival op Peaskemoandei (10 april) yn Nijlân begjint hjoed op www.aaipop.frl. Ferline jier wie Aaipop folslein útferkocht mei 2.500 minsken.