Van Hooijdonk fielt gjin fertrouwen mear: 'Kan alle kanten op in transferperiode'

Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
Sydney van Hooijdonk fielt gjin fertrouwen mear by sc Hearrenfean. Dat sei er nei ôfrin fan it duel tsjin FC Groningen (3-1 winst). De oanfaller krige fan trainer Kees van Wonderen gjin basisplak.
"Ik zag het al lang aankomen. Al een maand zijn er heel veel dingen bezig. Van binnen en buiten de club. Van bovenaf. Dus het was eigenlijk wachten erop", sei Van Hooijdonk, dy't tajout dat er it lestich fynt om der mei om te gean. "Het is kut. Ik vind het heel moeilijk."
Sydney van Hooijdonk nei sc Hearrenfean - FC Grins
Ek Van Wonderen sjocht dat Van Hooijdonk net bliid is mei syn kar. "Dat is helder", seit de trainer. "Maar ik zeg ook: daar heeft elke selectie en elke club mee te maken. De concurrentiestrijd die je aan moet gaan, die je soms wint en soms niet. Soms start je, soms kom je erin. Daar moet je mee dealen en mee omgaan."
Oft Van Hooijdonk dêr mei deale kin, is noch mar de fraach. De fuotballer ûntkent net dat er mooglik fuort wol yn dizze transferperioade as er gjin spyltiid krijt. "Ik kan er niet heel veel op zeggen. Het is nog acht of negen dagen", seit er doelend op de transferperioade. "Er kan veel gebeuren in zo'n tijd. Het kan alle kanten op."

'Heerlijk'

Pelle van Amersfoort stie nei de wedstriid mei hiele oare emoasjes foar de kamera. De winteroanwinst skoarde en dêr wie er mar wat bliid mei. "Heerlijk", seit Van Amersfoort. "Dat je 'm dan ook zo wint en het was verdiend. Dat is natuurlijk fantastisch en dat ik dan belangrijk kan zijn, is helemaal lekker."
Iennige kritykpunt op de wedstriid fan de Friezen wie dat se de Grinzers wer werom komme lieten yn de earste helte. "Daar heb je gelijk in. Dat is iets waar we op moeten trainen. Als je ziet dat we ze zo onder druk hebben, dan moet je dat blijven vasthouden", seit Van Amersfoort.
Mar neffens trainer Van Wonderen moatte de kwaliteiten fan Grins net ûnderskat wurde. "Ik vond ze helemaal niet een elftal dat zwalkend of zoekend was. Of wat je zomaar even opzij schuift. Helemaal niet. Dus daar hadden we onze handen vol aan", seit de trainer.
Nije wike woansdei hat Hearrenfean mooglik wer de hannen fol. Dan stiet der in útwedstriid tsjin Fortuna Sittard op it programma.