Noardlike derby is proai foar sc Hearrenfean nei twa doelpunten Sarr

Amin Sarr fiert syn earste doelpunt © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat de Noardlike derby tsjin FC Gronningen wûn. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 3-1.
Trainer Kees van Wonderen keas yn tsjinstelling ta it duel tsjin AZ in wike lyn (0-2 ferlies) foar Antoine Colassin ynstee fan Sydney van Hooijdonk. Dêrtroch kaam Amin Sarr yn de punt fan de oanfal.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Bochniewicz, Van Aken, Köhlert; Haye, Tahiri; Olsson, Van Amersfoort, Colassin; Sarr.
It duel begûn mei mar twa supporters fan FC Groningen yn it útfak. Mei in spandoek 'Is dit wat jullie willen' uteren se harren ûntefredenheid oer it beslút fan boargemaster Tjeerd van der Zwan om mar seishûndert útsupporters ta te litten, wylst der plak is foar tolvehûndert.
Al nei fiif minuten seagen de 19.027 supporters fan Hearrenfean en twa fan Grins dat de thúsploech op foarsprong kaam. Sarr koe nei in ynskattingsflater fan Thijmen Blokzijl profitearje: 1-0. De assist kaam op namme fan doelman Andries Noppert.
It spandoek yn it útfak © Orange Pictures
Dêrnei like it bytiden in trainingswedstriid. De Friezen krigen totaal gjin wjerstân, mar krêkt dêrtroch like Hearrenfean yn sliep brocht te wêzen. Yn de einfaze fan de earste helte waard Grins sterker en dat resultearre úteinlik ek yn de lykmakker.
Dat doelpunt kaam wol gelokkich ta stân. In mislearre skot fan Ricardo Pepi kaam foar de fuotten fan Florian Krüger en dy koe Noppert passearje.

Yn twa minuten is alles oars

Yn de twadde helte gie Grins troch mei it oandringen. Dat levere ûnder mear twa kânsen foar Tomas Suslov op. Ien dêrfan gie neist, de oare koe keard wurde troch Noppert.
Ek Hearrenfean krige fia Pelle van Amersfoort in grutte kopkâns, mar dy gie oer it doel. Yn de 81e minút wie it wol raak foar de Fryske klup, doe't Van Amersfoort in foarset fan Thom Haye binnenkoppe koe.
It duel waard in minút letter sels beslikke. Ut in counter wurke Sarr de bal op knappe wize foarby doelman Michael Verrips. Dêrmei bepaalde er ek direkt de einstân op 3-1.

Hearrenfean bewiist Cambuur in tsjinst

Troch de oerwinning stiet sc Hearrenfean no mei 27 punten út santjin wedstriden op it sande plak yn de earedivyzje. Dat plak jout rjocht op de play-offs foar Europeesk fuotbal.
Ek SC Cambuur sil bliid wêze mei de Fryske winst, want trochdat Grins gjin punten pakt, bliuwt it gat tusken de Ljouwerters en de feilige plakken trije punten.