Rêstige transferperioade by sc Hearrenfean: "Er is niets concreets"

Ferry de Haan © Orange Pictures
Wylst de tranferperioade meastal garant stiet foar drokte en stress op de burelen, is it no relatyf rêstich by sc Hearrenfean. Sels om Oranje-ynternasjonal Andries Noppert hinne is it stil."Er is niets concreets", seit technysk direkteur Ferry de Haan.
FC Kopenhagen siet tsjin AZ foar doelman Noppert op de tribune, mar der is net in konkreet bod binnenkaam yn it Abe Lenstra stadion, ek net fan oare klups.
Ferry de Haan oer de rêstige transferwinter
De Haan: "Er is op dit moment maar één club die heel veel interesse heeft voor Andries Noppert en dat is sc Heerenveen. Als het aan ons ligt, houden we dat ook zo."
Wij vinden het allemaal niet zo erg, maar qua concreetheid had ik er misschien wel wat meer van verwacht.
Ferry de Haan oer it útbliuwen fan ynteresse foar Andries Noppert
It fernuveret De Haan wol dat der oant no ta gjin klups binne, dy't har meld hawwe foar Noppert. De Jouster hat him op it WK behoarlik yn 'e skynwerpers set.
"Of iedereen is al voorradig of misschien hebben ze meerdere opties. Wij vinden het allemaal niet zo erg, maar qua concreetheid had ik er misschien wel wat meer van verwacht", seit De Haan.

Halilovic en Kaib meie fuort

Ek foar Milan van Ewijk is der net in klup dy't him offisjeel by Hearrenfean meld hat, ek al siet Fulham mei in delegaasje foar him op de tribune. "Delegaties van clubs zitten er het hele jaar. Ik heb het lijstje voor aanstaande zondag alweer gezien."
Hearrenfean wol eventueel wol meiwurkje oan in transfer fan Tibor Halilovic en Rami Kaib. Sy binne harren basisplak kwytrekke en steane iepen foar wat oars.
De Haan: "Ze hoeven niet weg, maar ze zitten nu wel in een positie dat het even wat minder leuk voor ze is. Ook voor hen heeft niemand zich gemeld, maar dat kan natuurlijk in de eindfase nog wel komen."

Ché Nunnely

Oant no ta hat Hearrenfean twa spilers transferfrij ophelle: Pelle van Amersfoort en Ché Nunnely. Nunnely tekene dizze wike in kontrakt foar in healjier, mei in opsje foar nochris twa seizoenen. De 23-jierrige oanfaller mei him de rest fan it seizoen bewize en De Haan hopet dat hy syn âlde nivo wer hellet.
"Het was geen geheim dat we nog op zoek waren naar een specifieke buitenspeler. Ché voldoet aan dat profiel, maar hij komt natuurlijk terug van een blessure. We weten wat hij kan qua goals en assists, maar hij moet fitter worden."
Nick Bakker © Orange Pictures
De Haan hopet dizze transferperioade op noch in sintrale ferdigener. No't Sven van Beek foar langere tiid út de rûlaasje leit, is fersterking winsklik. Mar in soad jild is der net, De Haan siket dêrom nei spilers dy't transferfrij binne of dy't op hierbasis nei Hearrenfean komme kinne.
"We zijn ons aan het oriënteren. We willen onze selectie op peil houden, maar we hebben met Joost van Aken en Syb van Ottele natuurlijk waardige vervangers voor Sven."

Nick Bakker

De namme fan Nick Bakker, dy't ôfrûne seizoen by de klup ûnder kontrakt stie, sjongt rûn as eventuele fersterking. Bakker stie ûnder kontrakt by Al Arabi, mar is weromkeard nei Nederlân mei in transferfrije status. Mar Ferry de Haan is dúdlik.
"We kijken vooral naar een rechtsbenige centrale verdediger", seit de technysk manager. "Nick heeft het vorig jaar goed gedaan, maar toen was Bochniewicz geblesseerd en hadden we met Joost van Aken en Nick twee linkspoten. Nu is Pawel er weer bij en met Joost zou je met Nick een derde linkspoot hebben. Ik weet niet of dat een ideale situatie is."