Cambuur moat folwoeksen wurde, fynt trainer Sjors Ultee

Sjors Ultee wie frustrearre © Orange Pictures
Cambuurtrainer Sjors Ultee hie sneon in frustrearjende jûn. Hy seach syn ploech mei 0-3 ferliezen fan Sparta Rotterdam. Cambuur moat benammen folwoeksener wurde, want it fuotbal wie net iens sa min, fûn hy.
"Ik zie de mannen keihard werken", seit Ultee. "In de beginfase gaven we ongelooflijk veel energie. Dan krijg je één balverliesmoment met een hakje. Dan doe je jezelf zo tekort." Ut dat balferlies foel de 0-1 fia de Noarske spits Tobias Lauritsen.

"Daar gaan we weer"

Middenfjilder Mees Hoedemakers koe it hast net leauwe. "Het is wel zo'n moment waarop je denkt: gaan we weer. De eerste tien, vijftien minuten speelden we het spel dat we wilden. Dan voel je je gewoon goed. En dan gaat hij er bij het eerste moment waarop zij eruit komen gelijk in. Dat is gewoon ongelooflijk."
Nei it hakje wêrtroch't Cambuur de bal ferlear, wienen der neffens Ultee noch genôch mominten om de bal werom te feroverjen. "Dat frustreert zo. Wan goed voetballen is leuk, maar daar koop je niets voor. Je moet volwassen zijn, wedstrijden lezen en momenten pakken; iemand ondersteboven lopen als het moet."
Sjors Ultee oer de wedstriid tsjin Sparta
De earste tsjingoal wie spitich, mar noch net perfoarst fataal. Cambuur hie noch genôch tiid om de wedstriid om te draaien. Doe gie doelman João Virgínia lykwols yn de fout. Hy ferspile de bal yn de opbou en Sparta profitearre optimaal.
It wie net de earste flater fan de Portugeeske doelman dit seizoen. Ultee woe net sizze hoefolle kredyt Virgínia noch hat, mar de trainer koe net ûntkenne dat de doelman der by it twadde doelpunt net goed útseach.
Hoedemakers sjocht dat ek sa. "Het is heel vervelend, maar wat doe je eraan? Ik denk dat we die bal het stadion uit hadden moeten rammen. Zeker in de fase waarin we nu zitten", seit hy oer de twadde tsjingoal.

Strafskop

Hoedemakers hie sels in haadrol by de tredde tsjingoal. Hy makke in oertrêding op Sven Mijnans, wêrnei't de bal op de stip gie. "Hij zet zijn standbeen ertussen en ik raak hem", sa beskriuwt de middenfjilder it momint. "Slim van hem, niet zo slim van mij." De penalty gie deryn en sa wie de wedstriid wol beslikke.
Mees Hoedemakers feroarsake in strafskop tsjin Sparta
De wedstriid tsjin Sparta is dan wol ferlern en Cambuur stiet der op de ranglist beroerd foar - achttjinde en lêste -, mar, sa seit Hoedemakers, it kin ek sa ris de goede kant op falle foar de Ljouwerters. "We moeten gewoon door. We hebben nog 17 wedstrijden om ervoor te zorgen dat we in de eredivisie blijven. We gaan de koppen zeker niet laten hangen,"
Ultee tinkt der ek sa oer. Hy fynt dat Cambuur twa dingen fan Sparta leare kin: folwoeksen fuotbalje en nea opjaan. "Vorig seizoen waren ze met nog zes wedstrijden te gaan door heel Nederland afgeschreven, maar ze werden uiteindelijk nog heel makkelijk veertiende of zo."
De trainer sjocht dat de ynset goed is en dêr begjint it mei. "Alleen heb je daar niet genoeg aan, het is inzet en voetbal begrijpen. We hebben nog 17 wedstrijden te gaan. Dus je hebt maar één antwoord: de mouwen opstropen en de beuk erin gooien. Het is geen sport om lekker te tikken, leuk te combineren en een beetje heen en weer te dansen op het veld. Het is een mannensport en daar moet je volwassen voor zijn en geen kind."