Malêze hâldt oan by Cambuur: Ljouwerters ferlieze kânsleas fan Sparta

Cambuur ferliest op 'e nij © Orange Pictures
SC Cambuur is sneontejûn yn eigen hûs fernedere troch Sparta Rotterdam. De Ljouwerters ferlearen mei 0-3. De sportive malêze hâldt dêrmei oan foar Cambuur. De ploech fan trainer Sjors Ultee stiet treastleas ûnderoan yn de earedivyzje.
Cambuur starte tsjin Sparta mei ien oare spiler yn ferliking mei de wedstriid fan ôfrûne snein tsjin FC Emmen (0-0). Silvester van der Water wie wer better en naam it plak yn fan Robin Maulun, dy't net fit genôch wie om te spyljen.
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Schmidt, Smand, Bergsma, Bangura; Hoedemakers, Van Kaam, Jacobs; Breij, Boere en Van der Water.
Cambuur hie oanfallende yntinsjes, sa waard yn de begjinfaze dúdlik. De Ljouwerters setten heech druk en kamen der sa no en dan driigjend út.

Sparta profitearret fan de romte

Oan de oare kant lei der in protte romte foar Sparta om te counterjen. Al yn de njoggende minút profitearren de Rotterdammers dêrfan. Koki Saito ferovere de bal op it middenfjild en fia Sven Mijnans kaam de bal by de Noarske spits Tobias Lauritsen terjochte. Lauritsen krige romte om te sjitten en pleatste de bal kreas yn de boppehoeke: 0-1.
Lilkens by Cambuur nei de iepeningstreffer © Orange Pictures
Noch gjin tsien minuten letter lei de twadde Spartagoal ek al tsjin de touwen. Doelman João Virgínia levere de bal sa yn by Mijnans. Mei in artistike beweging spile hy syn tsjinstanner út en sette hy Saito allinnich foar de keeper. De Japanske oanfaller makke gjin flater: 0-2.

Cambuur kwealik gefaarlik

Cambuur, dat al sokke grutte problemen hat mei it meitsjen fan doelpunten - yn de earste sechstsjin earedivyzjewedstriden fan dit seizoen waard mar njoggen kear skoard - moast der doe op syn minst twa meitsje om noch in resultaat te beheljen.
De Ljouwerters waarden lykwols kwealik gefaarlik. In slop kopbaltsje fan Daniël van Kaam yn de 38e minút wie noch it gefaarlikste momint. Oan de oare kant hie Virgínia it dreech mei in ôfstânsskot fan Vito van Crooij.

Strafskop beslikket de wedstriid

De twadde helte begûn striemin foar Cambuur. Skiedsrjochter Jochem Kamphuis joech in strafskop oan Sparta om't Mees Hoedemakers Mijnans op de hakke tikke. Van Crooij skeat de penalty rjocht troch it midden en Virgínia siet der noch wol oan, mar de bal lei deryn: 0-3.
Kamphuis is ûnferbidlik: strafskop © Orange Pictures
Nei in oere wie der wer ris in kâns foar Cambuur. Van der Water besocht it út in frije traap wei, mar doelman Nick Olij koe it skot út de goal bokse. In minút letter wie Alex Bangura gefaarlik. It skot fan de linksback gie njonken de goal.
Ultee brocht yn de slotfaze mei Vincent Pichel noch in debutant yn it fjild, mar ek de jonge middenfjilder koe it ferskil net meitsje. Lauritsen krige yn de 77e minút sels in gigantyske kâns om de skoare fierder út te wreidzjen, mar Virgínia tikke de ynset kateftich út de goal.
Efkes letter hie de Portugeeske doelman gelok doe't hy de trochbrutsen Lauritsen sawat torpedearre. Skiedsrjochter Kamphuis en de fideoskiedsrjochter fûnen it lykwols gjin oertrêding.
Skoard waard der net mear en sa einige it duel yn 0-3. Cambuur bliuwt lêste yn de earedivyzje. De Ljouwerters hawwe út 17 wedstriden njoggen punten behelle en hawwe ek noch mar njoggen kear skoard.