Bekend draafhynder Derek Buitenzorg foar 700 euro nei de slacht

Derek Buitenzorg © Facebook Derek Buitenzorg
It ferneamde draafhynder Derek Buitenzorg is der net mear. Dat seit Hans Sinnige fan de drafbaan yn Wolvegea.
Derek waard bekend neidat er yn 2011 rêden waard fan de slacht. Op it lêst is er dêr dochs bedarre.
"Ik had graag gehad dat Derek 38 was geworden, maar als een paard geen enkele functie meer heeft, dan is het heel moeilijk om er iemand voor te vinden", seit Sinnege.
Derek hat 10.000 euro oan prizejild by mekoar draafd. Yn totaal hat er twa koersen wûn:
Doe't ferslachjouwer Gerrit de Boer yn 2011 hearde dat it hynder Derek Buitenzorg slachte wurde soe, kaam er op it idee om it bist sels te keapjen. Mei kollega's fan de sportredaksje is dat slagge.

In eigen soap: Us Derek

It bist krige in eigen realitysoap yn in sportprogramma op telefyzje: Us Derek.
Mei de oankeap fan it hynder koe Omrop Fryslân fan tichtby sjen litte hoe't it der oan ta giet yn de hynstesport: de earste kear foar de sulky, in besite oan de toskedokter en sels in besite oan de giropraktor waard fêstlein.
De kastraasje fan Derek waard ús ferslachjouwer te folle. It levere wol bysûndere telefyzje op:
Mei de oandacht op telefyzje waard Derek in begryp, net allinne op de drafbaan mar ek dêrbûten. It wie de earste draver dy't in plak krigen hat yn de Hall of Fame fan de NDR, de Nederlânske Draf- en Rensport, noch foardat er ea in koers wûn hie.
Derek krige in eigen glossy, op fandagen woe elkenien mei him op de foto, en de band Die Twa makke in krystferske oer him.
Yn it ferske besjongt it duo it lot fan Derek:
Yn 2018 is Derek opholden mei draven. Dêrnei is er as rydhynder ferkocht. It wie in minne set, seit Sinnege.
"Derek was niet geschikt als rijpaard. Zijn nieuwe eigenaar heeft hem weer verkocht, aan anderen die het ook geprobeerd hebben."
"Uiteindelijk is hij verkocht voor 700 euro", seit Sinnege. "Dan weten we het wel. Dan is het de slacht."
"Je kunt zeggen dat het zielig is, maar normaal was Derek geen jaar oud geworden. Nu heeft hij twee koersen gewonnen, en een eigen soap gehad. Ik ken genoeg paarden die die mazzel niet hebben."