"Wy hawwe terjochte ferlern", seit Bûtenposttrainer Willem Brouwer nei ôfrin fan it duel tsjin Swift (5-0 ferlies). "Mar ik tink dat we beide fiif, seis goede kânsen hân hawwe, dus we hawwe in leske yn effektiviteit krigen."
Tusken de 34e en 37e minút krige Bûtenpost trije tsjingoals. "Trije goals tsjin yn fjouwer minuten, dat is in kwaliteit", grapket Brouwer. "En yn de twadde helte hie it nei in kertier ek 3-3 wêze kinnen. Doe stienen we sels trije kear allinnich foar de keeper."
Bûtenpost wie de mindere, mar de einútslach wie wol wat wreed, wol Brouwer mar sizze. "4-2 hie ek in prima útslach west, mar it docht der neat oan ôf dat sy folle better wienen."
Swift is neffens Brouwer in ploech dy't yn de boppeste helte fan de kompetysje meidwaan sil. "Dit binne net de ploegen dêr't wy punten tsjin pakke moatte. Dat wolle je wol graach, mar dit wie gewoan in útstekkend fuotbaljend ploechje. De kommende wiken krije we konkurrinten. De útslaggen wienen foar ús fierder geunstich, dus we stean noch moai op it sânde plakje."