Komponist Tom Holkenborg kriget Rutger Hauerpriis foar stipe oan filmmuzyktalint

Tom Holkenborg © ANP
Tom Holkenborg wurdt eare op de 10e jierlikse Shortcutz Awards yn Amsterdam. Hy kriget de Rutger Hauer Award foar it foarúthelpen fan talint op it mêd fan filmmuzyk.
Shortcutz Amsterdam is in platfoarm foar Nederlânsk filmtalint. De priis is foar persoanen dy't talinten in rappere wei, oftewol in 'shortcut', biede nei nasjonaal en ynternasjonaal publyk.

Rutger Hauer

De jierlikse Rutger Hauer Award is foar in persoan dy't in foarbyld is foar in nije generaasje filmmakkers of in ynstitút dat him ynset hat foar de ûntwikkeling en promoasje fan nij Nederlânsk filmtalint.
Hauer hat yn syn lêste jierren jonge filmmakkers begelaat en stipe. Hy wie ambassadeur en adviseur foar Shortcutz Amsterdam. Under oare filmregisseur Paul Verhoeven krige earder ek al de Rutger Hauer Award.

Weekend at Waikiki

Holkenborg begûn yn de jierren '80 by de Fryske band Weekend at Waikiki, oarspronklik út Wolvegea en letter út Grins. Hy hat fierders noch in skoftke by de suksesfolle Fryske industrial twamansband Nerve sitten.
Dêrnei ferhuze Holkenborg nei de Feriene Steaten dêr't er no noch wennet, yn Los Angeles. Under de namme Junkie XL skoarde er yn 2002 in wrâldhit mei de Elvis-remix 'A little less conversation'.
Tom Holkenborg yn syn Nerve-tiid, begjin jierren '90 © Rûge gids fan de Fryske Popmuzyk
Neffens de sjuery hat Holkenborg it fier skopt mei syn talint. Nei yn Nederlân berikte er ek yn Amearika de top fan wichtichste filmkomponisten. Holkenborg waard yn 2008 nominearre foar in Grammy foar syn remix-wurk, hat as producer mear as ien kear platina wûn, is muzikant en komponist.
Tom Holkenborg yn syn SCORE Academy © SCORE Academy
Dêr't it de sjuery benammen om giet, is dat Holkenborg syn kennis trochjout oan begjinnende filmkomponisten. Dêrfoar hat er syn eigen filmmuzykakademy 'SCORE Academy' oprjochte. De studinten krije begelieding yn syn studio yn Los Angeles. Fierders hat Holkenborg syn eigen YouTubekanaal Studio Time dêr't te folgjen is hoe't er te wurk giet.
Holkenborg nimt op snein 22 jannewaris syn Rutger Hauer Award persoanlik yn ûntfangst yn filmmuseum Eye yn Amsterdam.
Yn de FryslânDOK 'Rock-'n-roll in Friesland' komt ek it ferhaal fan Weekend at Waikiki oan de oarder: