Plysje grypt yn by fjochterij by Ljouwerter poppoadium Neushoorn

© CAMJO media
De plysje moast freedtejûn mei in grut tal minsken yngripe by fjochterij yn it sintrum fan Ljouwert. Om kertier oer tsienen hinne gie it mis by poppoadium Neushoorn oan it Ruiterskwartier.
Doe't de plysje de rûzje delbêdzje woe, krige in agint in stoel tsjin 'e holle oan smiten, meldt de plysje. In 17-jierrige ynwenner fan de gemeente De Fryske Marren is oanhâlden foar mislediging en in 16-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean foar 'opruiing'. De plysje slút mear oanhâldingen net út.
Yn Neushoorn wiene op it stuit fan de fjochterij twa konserten dwaande. It is net dúdlik wêrom't de fjochtpartij begûn is.