Paulissen pakt tried wer op nei it kwytreitsjen fan syn basisplak: "Motivatie is soms minder"

Mitchel Paulissen © Orange Pictures
Yn trettjin fan de sechtjin earedivyzjewedstriden stie Mitchel Paulissen oan de ôftraap by SC Cambuur. Oant der mei Sjors Ultee in nije trainer yn Ljouwert kaam.
Mei frisse tsjinsin komt Paulissen nei bûten ta foar in ynterview. It mei dúdlik wêze dat it net syn meast fleurige tiid yn Ljouwert is. SC Cambuur stiet ûnderoan en de middenfjilder liket it grutste slachtoffer te wêzen fan de komst fan Ultee. Wêr't er dêrfoar hast alles spile, moat er it no mei ynfalbeurten dwaan.
"Ja, ik ben wel redelijk chagrijnig", jout Paulissen ta. "Het hoort erbij, maar het is niet leuk." Yn 2019 ferruile de Limboarger it giel-swart fan Roda JC foar it giel-blau fan Cambuur. Ien perioade, fan septimber 2020 oant en mei jannewaris 2021, wie er in ûnbestriden basisspiler. En yn de earste seizoenshelte fan dit seizoen dus.
It ferliezen fan syn basisplak makket Mitchel Paulissen segrinich
De 29-jierrige Paulissen kin emosjoneel wêze. Op it fjild, mar derbûten ek. Nei't er passearre wurdt troch Ultee, kin er syn frustraasje ek net ûnder stuollen of banken stekke. "Ik heb het wel laten merken. Nu is die knop om. Je gaat het toch niet veranderen met bepaald gedrag dat je kunt vertonen. Daar heb ik ook alleen mezelf mee."
Mar hoe hat de Kerkradenaar dat dan fernimme litten? "De motivatie is dan soms wat minder. Als het goed is, is dat nu weg. We gaan er weer tegenaan." Under de frustraasje hat er no in streek set. "In de eerste seizoenshelft heb ik goed gespeeld, maar dat telt nu niet. Dat moet ik accepteren en we moeten door."
Je wilt in het weekend voetballen in volle stadions.
Mitchel Paulissen
Paulissen wit wêr't er it foar docht, om't hy al preaun hat oan it basisspiler wêzen yn de earedivyzje. "Je wilt in het weekend voetballen in volle stadions. Die spanning wil je gewoon. Je wilt spelen en niet op de bank zitten als die jongens het veld op lopen."

Konkurrinsjestriid

De fraach is hoe't syn perspektyf is ûnder de nije trainer. Neffens Ultee is it net sa dat Paulissen út byld is. "Mitch is een heel goede en intelligente speler, maar we hebben meer goede voetballers. Het tempo ligt hoog en ik ben blij met concurrentiestrijd", fertelt Ultee.
En dy konkurrinsjestriid is der neffens de trainer wol deeglik. "Ik heb de afgelopen drie wedstrijden dertien keer gewisseld. Dus niemand kan zeggen dat er geen kansen worden gegeven aan spelers om zich te bewijzen. Als je dan de kans krijgt, moet je 'm pakken. Dat geldt voor Mitchel, maar ook voor meer spelers."
Mitchel Paulissen yn it duel mei Feyenoord © Orange Pictures
As de Ljouwerters sneontejûn besite krije fan Sparta Rotterdam sil Paulissen ek wer fan de bank ôf tasjen moatte. Hy is posityf oer de Rotterdamske tsjinstanner. "Ze doen het goed en staan zesde. Ze zitten in een lekkere flow."
It mei dúdlik wêze dat Cambuur ta is oan in oerwinning. De lêste kear dat dat barde yn de kompetysje wie op 1 oktober fan ferline jier tsjin PSV. Nettsjinsteande dat hy net yn de basis stiet, hopet er op trije punten. Want dat kin de ploech o sa goed brûke. "Dat kun je wel stellen, ja. Een paar goals en een overwinning zou mooi zijn", fynt Paulissen.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Sparta Rotterdam begjint jûn om acht oere. Der is in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio wêryn't ferslach dien wurdt fan it duel. It ekstra sportprogramma út it Cambuur Stadion wei begjint om kertier foar achten. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.