Diselauto's allinnich noch troch APK as se 'dieltsjestellertest' trochstean

Autogaraazjes dy't de saneamde dieltsjestellertest útfiere, hawwe it dizze dagen smoardrok. Sûnt 1 jannewaris moatte diselauto's troch dy test komme, oars komme se net troch de APK-keuring.
Mei de maatregel wol de oerheid de fynstofútstjit werombringe. By goed wurkjende roetfilters is dy útstjit folle leger as by roetfilters dy't net oan de nije easken foldogge.
It wurdt dêrmei foar de diselrider hieltyd dreger om de auto op de dyk te hâlden, want net alle diselauto's komme troch de test. By fakgaraazje Terpstra yn Drachten ha se sûnt de ynfiering fan de nije regel al fjouwer auto's hân dy't net net troch de test kamen.
"Wy bringe in slankje yn de útlit, de mjitter mei net mear as in miljoen dieltsjes oanjaan", leit Sjoerd Grolleman fan de autogaraazje út. De wite VW Caddy dy't foar de APK moat, stjit 26.000 dieltsjes út. "Dy is dus yn oarder sa."
Posityf effekt luchtkwaliteit
By de ferbaarning fan disel komme hiele lytse dieltsjes roet frij. Om dy útlitgassen foldwaan te litten oan Europeeske regels, hawwe auto's mei in diselmotor in roetfilter. In dieltsjesteller kin hiel krekt, fluch en ienfâldich teste oft it roetfilter goed wurket. As sa'n roetfilter goed wurket, hat it dus in posityf effekt op de luchtkwaliteit.
Diselauto's allinnich noch troch APK mei dieltsjesteller
It nije apparaat mjit dus hoefolle roetdieltsjes troch it filter komme. Komt de diselauto net troch dizze test dan moat socht wurde nei de oarsaak. "It kin him yn it roetfilter sitte, mar ek yn de motor", leit Grolleman út.
Autoriders kinne dan in ûntheffing oanfreegje by de RDW. De auto wurdt dan as smoarger yn de administraasje set, de eigener fan de auto betellet dan mear belesting. Fierder rint de automobilist kâns dat de auto net mear wolkom is yn miljeusônes fan binnenstêden. Dat jildt bygelyks yn Amsterdam, Utrecht en Den Bosch.
De roetdieltsjesteller is de safolste klap foar de diselautobrâns. Der waarden al minder diselauto's ferkocht troch it 'sjoemelskandaal'. It ôfrûne jier kaam dêr de hege diselpriis noch by.
Uteinlik wol de oerheid dat der hielendal gjin diselauto's mear op de dyk ride. Yn juny ferline jier praten Europeeske klimaatministers ôf dat fan 2035 ôf nije auto's mei in ferbaarningsmotor net mear ferkocht wurde meie yn Europa.
Alle nije auto's moatte dan elektrysk wêze. "Ik tink net dat dit de ein fan de diselauto is", seit Grolleman. "Der bliuwt ferlet fan in goede diselauto. Ik tink dat in protte âldere disels earder ferkocht wurde sille."