Ger Lamerus fan Irish Stew is ferstoarn

Ger Lamerus (links) mei Nils Koster, tegearre it duo Drijfhout © RTV NOF
Ger Lamerus is yn de nacht fan 19 op 20 jannewaris ferstoarn. Hy wie ûnder mear bekend fan folkgroep Irish Stew. Syn ferstjerren is bekend makke yn in berjocht op Facebook fan it folkduo Drijfhout.
Yn de folkscene wie Ger Lamerus in bekend en kleurryk man. Hy skreau songs dy't evergreens wurden binne yn de shantymuzyk. Hy spile yn Kalis, Irish Stew, Tientoners en Drijfhout. Njonken de muzyk skreau hy gedichten en makke hy skilderijen. Yn de lêste jierren fan syn karriêre wie Ger Lamerus op Flylân aktyf. Hy is 76 jier wurden.