Follybalster Hester Jasper wint mei SC Potsdam fan 'bêste team fan de wrâld' VakifBank

Hester Jasper yn aksje tsjin VakifBank © ANP
De Snitser follybalster Hester Jasper hat mei har Dútske klup SC Potsdam foar in grutte ferrassing soarge yn de Champions League follybal. It Turkske VakifBank waard tongersdeitejûn yn Istanbul mei 3-2 ferslein.
Nei de wedstriid waard Jasper útroppen ta MVP: Most Valuable Player. Se skoarde 16 punten en wie fan grutte wearde foar har klup.
VakifBank wurdt beskôge wurdt as it bêste team fan de wrâld en wûn yn 2022 de Champions League. It team hat in hiel soad lingte en wist oant tongersdeitejûn alle wedstriden yn de Champions League-pûl te winnen.

Taktyske feroaring

De earste twa sets wiene noch foar de Turkske kampioen, mei twa kear 25-19. De tredde set begûn de coach fan Potsdam mei in taktyske feroaring yn de opstelling en dat die fertuten.
Potsdam naam in grutte foarsprong en hoewol't VakifBank tichterby komme koe, gie de set nei de Dútske klup mei 23-25. De folgjende twa sets einigen yn 21-25 en 10-15 yn it foardiel fan Jasper en har team.

"Incredible"

Hester Jasper waard nei de wedstriid ynterviewd en sei yn it Ingelsk ûnder oare dat se it net leauwe koe en der gjin wurden foar hie. Fierder fertelde se dat se grutsk is op har ploechgenoaten en dat se it mei-inoar dien ha. "It is incredible. I don't have words."