HEA! Efter de skermen by de Hynstekeuring
HEA! Weromblik op de Hynstekeuring
Trije dagen lang koe elkenien genietsje fan de Fryske hynders by de jierlikse Hynstekeuring yn it WTC Expo. Sa'n 90.000 besikers wisten it evenemint yn Ljouwert te finen.
Ek bûten de grutte keuringsarena om wie fan alles te sjen en te krijen. De froulju fan de EHBO hienen de boel folslein ûnder kontrôle en koweskilder Wiebe van der Zee makke yntusken fan alles moais dêr't it Fryske hynder op stiet.