Klanken by in útfeart: "Hieltyd faker livemuzyk yn stee fan in mp3'ke"

In spesjale ôflevering fan Noardewyn oer útfeartmuzyk. Ferskate gasten fertelle oer wat foar rol sy hjiryn spylje, en watfoar feroaring dêryn plakfynt. Sa wurdt dúdlik dat in mp3'ke hieltyd faker ynruile wurdt foar livemuzyk.
In soad sjogge it as takomstmuzyk. De klanken dy't troch de romte klinke by de eigen útfeart. Boppedat kin it in ferfelend gefoel jaan, alfêst neitinke oer dizze nûmers. De gasten by Noardewyn sjogge lykwols in foarsichtige feroaring.
Hieltyd mear minsken fine it neffens harren makliker om dit ûnderwerp oan te snijen. Boppedat sjogge sy in ferskil yn hoe't de muzyk hearre litten wurdt.

Belibbing fan livemuzyk

Peter Krako is muzikant en rjochte mei syn frou Aisha in bedriuw op dat de muzyk by útfearten fersoarget. Hjirfoar pakt er sels de gitaar op.
"We besykje mei Memories Uitvaartmuziek de brêge nei de minsken ta wat koarter te meitsjen", seit er. It soart muzyk rint bot útinoar. Fan in strykkwartet oant gospel, en fan in sjonger-gitarist oant in jazztrio.
"Je hearre soms dat minsken achterôf sizze dat livemuzyk harren moai like yn in tsjinst. Dêrom besykje ik dit mear ûnder de oandacht te bringen. It makliker foar minsken te meitsjen", seit Krako, dy't de kar foar livemuzyk goed begripe kin. "De belibbing is dochs hiel oars as datst in mp3'ke ôfspilest."

Wurk mei betsjuttting

Krako spile, foar't er it bedriuw mei syn frou opstarte, ûnder syn eigen namme. Doe't er op in dei wer frege waard, besleat it stel om tegearre in ûndernimming te begjinnen." Dat woene we altyd al, omdat we goed gearwurkje kinne. Peter docht de muzyk en ik de saken deromhinne."
"Je krije dan fansels te meitsjen mei fertrietlike situaasjes. Mar it is moai dat je wat betsjutte kinne foar ien. Dat makket it tankber en betsjuttingsfol wurk. We dogge dit dan ek mei in soad passy."
Kinst it by ús gewoan út hannen jaan. Dat makket it ek leechdrompeliger.
Peter Krako oer Memories Uitvaartmuziek
Neffens Krako wurdt de muzyk hieltyd minder fia in cd of as mp3 ôfspile. "Dat komt omdat minsken faker trochkrije wat de mooglikheden binne wat livemuzyk oanbelanget. Kinst it by ús gewoan út hannen jaan. Dat makket it ek leechdrompeliger."
Aisha seit dat in kampanje fan SIRE yn febrewaris holpen hat de dea besprekberder te meitsjen. "Sa kinst by libben alfêst beprate oft ien bygelyks begroeven of kremearre wurde wol. Dan wit de famylje dat se it op dy wize goed dogge."
It stel wurdt hieltyd faker kontaktearre troch de famylje sels, en dus net troch de útfeartbegelieder. "Dat makket it fansels oars. Folle persoanliker", seit Aisha, dy't sels ek al neitocht hat oer har útfeartmuzyk. "'Winter' fan Vivaldi. Mei in moai strykorkest, en as it heal kin in ballerina derby."

Begraffenis eigen mem

Ek Frederike Kleefstra treedt op by dizze Noardewyn. Har nûmer 'Grutte grize fûgel' soe nei it útbringen in soad ôfspile wurde by kremaasjes en begraffenissen. "Ik fûn de tekst, skreaun troch Jan Visser, yn in dichtbondel. Dêr bin ik mei oan 'e slach gien en frege Peter van der Zwaag der muzyk by te meitsjen."
Yn 1988 brocht Kleefstra it nûmer út en sûnt dy tiid is it, mei troch útfearten, yn libben holden.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei ien-op-ien-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
"Ik haw it ek wolris live spile by in begraffenis. Dat wie by dy fan myn eigen mem. Dy hie my frege om dat te dwaan. It is hiel spesjaal as je dat frege wurde, en sa famylje en dierberen treast biede kinne."

Fan loftfeart nei útfeart

Ek te gast is Iede Hoorn. Dy't nei syn wurk as steward, útfeartfersoarger waard. Fan loftfeart nei útfeart dus. In freondinne fan de famylje frege him om ris mei te rinnen, sadat er ûnderfine koe wat er fûn fan de útfeartwrâld.
It die bliken dat dit in goede set wie. "Ik fûn it geweldich. Sa moai wat sy die. Al gau gie ik nei in seleksjedei, om nei in pear moannen myn baan as steward op te sizzen en my te rjochtsjen op neibesteanden fan ferstoarnen."

Dwaan bliuwe oant eigen ein

"It is alle kearen hiel bysûnder om earne oan te beljen en net te witten wa't iepen docht en wat de situaasje achter dy doar is. Boppedat bist wiken ûnderdiel fan it proses om ien de lêste eare te bewizen. Se fertrouwe dy ta om der in weardich ôfskied fan te meitsjen. Dat makket it in geweldich fak", seit Hoorn.
"Ja, dit bliuw ik dwaan oant ik der sels by delfal."

Utfeartnûmers by Noardewyn

Artyst Titel
Frederike Kleefstra Grutte grize fûgel
Gurbe Douwstra As it myn tiid is
Minke Adema Tom
Peter Krako Ik zou wel eens willen weten
Elske & Femke DeWall, Peter Krako en Orkest Regina Forte The family tree
Elske & Femke DeWall, Peter Krako en Orkest Regina Forte I see you (2e ferzje)
Grytsje Kingma Stil gebed
Grytsje Kingma De lêste plaat