Ferwerter dy't oer it 'romjen' fan Sjoerd Sjoerdsma twittere krijt in wurkstraf

Twadde Keamerlid Sjoerd Sjoerdsma fan D66 © ANP
In 58-jierrige Ferwerter hat in wurkstraf fan 90 oeren oplein krigen foar it bedriigjen fan Twadde Keamerlid Sjoerd Sjoerdsma fan D66. De Ferwerter pleite op Twitter foar it 'romjen' fan de parlemintariër.
De fertochte hie dit yn juny yn in tweet skreaun, wêryn't er it hie oer de fûgelgryp en de 'Sjoerd Sjoerdsmagryp.' De Ferwerter waard frijsprutsen fan opstoking, mar de rjochter fûn wol dat de fertochte skuldich wie oan bedriging.
Sjoerdsma liet skriftlik witte dat it berjocht mar ien bedriging wie en dat er ferline jier tal fan bedrigingen krigen hat. "Ik trek een streep om het ambt van volksvertegenwoordiger te beschermen. Deze bedreigingen ondermijnen de democratie."
De fertochte fûn yntusken wol dat er ekskuzen oanbiede moatten hie. "Het was nooit de bedoeling om te zeggen Sjoerd Sjoerdsma moet maar dood", sei hy. Mar oan de oare kant fûn de Ferwerter wol dat Sjoerdsma 'een iets dikkere huid' hawwe moast.