Gemeente Ljouwert makket him op om grûn, ûnder protest, werom te jaan oan WTC

De gemeente Ljouwert wol yn petear mei WTC oer in skeel oer it weromleverjen fan grûn yn it gebiet by it nije Cambuurstadion. As beide partijen der net útkomme, driget in miljoeneboete foar de gemeente.
Om de bou fan it nije Cambuurstadion, en de ûntwikkeling fan it gebiet deromhinne, mooglik te meitsjen, is der in yngewikkelde deal oer de grûn makke tusken ferskate partijen. Underdiel fan de oerienkomst mei WTC wie dat it stadion op 20 septimber 2022 klear wie. Dy datum is net helle.
4,8 miljoen euro boete
Dêrom easket WTC in part fan de grûn werom, plus in bedrach fan 1 miljoen euro foar de grûn dy't net weromjûn wurde kin om't der al op boud is. Bart dat net foar 9 febrewaris 2023, dan wurdt de weromlevering omset yn in boete fan 300 euro de fjouwerkante meter. Dy boete soe dan útkomme op 4,8 miljoen euro.
Dat risiko wol de gemeente net rinne. Dêrom sjocht de gemeente no oft it mooglik is de grûn, sa'n 16.000 fjouwerkante meter, foar 9 febrewaris ûnder protest werom te jaan oan it WTC. Dêrnei sil de gemeente daliks in proseduere opstarte om de grûn dochs wer yn besit te krijen.
'Niet redelijk'
Wethâlder Hein de Haan skriuwt yn in brief oan de gemeenteried dat it "niet redelijk is van het WTC om de grond terug te vorderen en de boete voor de doorverkochte gronden te vorderen en zich op de overeenkomst te beroepen". Hy wol dan ek graach yn petear mei WTC, of dat der in rjochter nei de kwestje sjocht.
Foar de boete fan 1 miljoen, foar de grûn ûnder de supermerken, wiist de gemeente nei Dijkstra Plan & Projectontwikkeling (DPPO), dat yntusken eigener is.
Iepenbiere romte
In part fan de grûn dy't WTC werom easket is yntusken al yn gebrûk as iepenbiere romte of as parkearterrein. Dêr hat de gemeente sa'n 1 miljoen euro ynstutsen.
Neffens de gemeente hat in eventuele weromlevering fan de grûn oan WTC gjin ynfloed op hoe't dy no al brûkt wurdt.
De petearen mei WTC en boubedriuw Van Wijnen, oer de fierdere ynrjochting fan it gebiet, lizze foarearst stil oant der dúdlikheid is oer de grûnclaim fan WTC.