Opfang flechtlingen oan Troelstrawei yn Ljouwert liket troch te gean

Eardere fêstiging Tuin! oan de Kamperweg yn Ljouwert © Google Street View
Nettsjinsteande beswieren fan omwenners, liket in mearderheid yn de gemeenteried foar in Regionale Opvanglocatie (ROL) te wêzen oan de Troelstrawei yn Ljouwert. Dat die woansdeitejûn bliken by in debat oer it takomstige asylsikerssintrum op de lokaasje dêr't earder Tuin! fêstige wie.
Under oaren PvdA, GrienLinks, Gemeentebelangen en CDA steane achter de plannen fan it kolleezje. Al wie it wol in wrakseling, sei Wieke Goudzwaard fan it CDA. "We hebben de hartenkreten uit de buurt gehoord, maar hebben ook oog voor mensen die toevlucht bij ons zoeken."
Wat Mirka Antolovic fan de PvdA oanbelanget is de urginsje fan de asylkrisis te heech om tsjin in ROL te stimmen. "Daarom kunnen we deze locatie, ondanks bezwaren van omwonenden, niet opzij schuiven."
Opfang flechtlingen oan Troelstrawei yn Ljouwert liket troch te gean
Jo hâlde de buert folslein foar de gek.
Otto van der Galiën
De foarstimmers krigen krityk fan ûnder oaren FNP en Lijst 058. Sa fynt Otto van der Galiën fan Lijst 058 dat omwenners net heard wurde en net mei lykje te tellen. "Jo hâlde de buert folslein foar de gek", sei de fraksjefoarsitter.
Omwenners hawwe geregeld oanjûn in ROL net sitten te sjen, fanwegen oerlêst en ferkearsûnfeiligens.

D66 wol minder wenningen

D66 wol harren ûnder oaren temjitte komme mei in moasje dêr't yn stiet dat der 27 wenningen minder boud wurde as pland. Dan soe it noch gean om 45 wenningen foar 450 flechtlingen.
Wat wethâlder Nathalie Kramers oanbelanget sil it kolleezje ûndersykje oft dit in opsje is. Wol seit se mei klam dat it giet om permaninte huzen dy't yn alle gefallen tsien jier lang bedoeld binne foar flechtlingen.

Definityf beslút

Nije wike woansdei nimt de ried in definityf beslút oer de komst fan ROL oan de Troelstrawei. Neffens wethâlder Nathalie Kramers duorret it dan noch in skoft foardat de opfang der echt is, mar se wol wol alfêst oan de slach mei de oanpak fan de ferkearsfeiligens yn it gebiet.