Audio-opnames fan Operaesje Fers komme wer online beskikber

Operaesje Fers © Tresoar
No kinne jo gedichten ferspriede op ynternet, mar foarhinne gie dat net sa maklik. Fryske dichters kamen yn de jierren '60 mei it idee fan in dichterstelefoan: draai in nûmer en hear in nij gedicht. Dy 'telefoangedichten' binne tenei wer te hearren.
Yn de jierren '60 betochten Fryske dichters in ludike manier om harren wurk better by it publyk bekend te meitsjen. Op de telefoan wie twa kear wyks in nij gedicht te hearren. It Fryske inisjatyf Operaesje Fers fûn letter ynternasjonaal neifolging mei ûnder oare 'Dial a poet' yn it Ingelske taalgebiet.

Ut de loft helle

De Fryske dichterstelefoan bestie fan 1968 oant 1994. De foarlêzen gedichten waarden troch Tresoar ek al yn 2005 al online set. In pear jier ferlyn waard de website út de loft helle, omdat er ferâldere wie.
Inisjatyfnimmer Josse de Haan ferstoar yn 2020, 79 jier âld © Omrop Fryslân
Op de dichterstelefoan wiene mei-inoar mear as 2000 gedichten te beharkjen: 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa'n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag. Geastlik heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.
Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette no wer in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers online. It binne mear as de hjirboppe neamde 2000. De reden is dat net alle opnommen gedichten doe op de dichterstelefoan útstjoerd waarden. Boppedat gie lûdstechnikus Hein van der Vliet by dichterseveneminten yn en bûten Fryslân del foar opnames.
Ilse Vos, Dichter bij Leeuwarden © Ilse Vos, Dichter bij Leeuwarden

Presintaasje

De presintaasje is yn Tresoar op de lanlike Gedichtedei op tongersdei 26 jannewaris. Dan komme de bestannen online beskikber. Twa dichters fan de earste oere binne by de presintaasje. Meindert Bylsma en Willen Abma wurde ynterviewd en drage gedichten út dy tiid foar. Fan Abma sitte mear as hûndert gedichten yn de kolleksje Operaesje Fers.
Fierders drage jongere dichters foar dy't by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden sitte.
De sjuery fan de wichtichste Fryske literêre priis de Gysbert Japicxpriis woe yn 1969 dat Operaesje Fers de priis krije soe. De sjuery bringt altyd offisjeel advys mei in foardracht út oan Deputearre Steaten. Dy namen it advys net oer omdat in stichting de priis net krije koe, Sa stiet it yn de regels. Dat jier is de priis net takend.