Jansma Drachten makket trochstart mei lanlik boukonsern Dura Vermeer

© RTV Noord, Martin Drent
Ynfraspesjalist Jansma Drachten makket in trochstart ûnder de hoede fan it lanlike boukonsern Dura Vermeer. Se binne in oername oerienkaam fan rinnende projekten en debiteuren. Mei it grutste part fan de meiwurkers giet de ûndernimming fierder ûnder de namme Dura Vermeer Jansma.
Jansma kaam yn finansjeel yn swier waar troch oprinnende ferliezen by in grut projekt yn de stêd Grins.
Jansma Drachten makket trochstart
Mei de oername fersterket Dura Vermeer de ynfra-aktiviteiten yn it noarden. It klantebestân fan Jansma Drachten bestiet benammen út Rijkswaterstaat, gemeenten en wetterskippen. Kurator Wybe Mollema is tefreden dat er yn Dura Vermeer in keaper fûn hat dy't finansjeel sterk en suksesfol is.

Kin eltsenien mei?

It personiel is woansdeitemoarn ynljochte oer de nije wurkjouwer op in gearkomste. Tongersdei folget der tusken de middei noch in gearkomste foar de minsken dy't mei kinne nei it nije bedriuw.
"Dat is nog de vraag die in de lucht hangt: gaan wij ook mee? Dat is de komende 24 uur nog spannend", seit Saskia Spaargaren fan it fakbûn CNV.
De bedoeling is dat safolle mooglik fan de goed 60 man oan personiel meigiet, mar dat hâldt CNV goed yn de gaten. As der minsken bûten de boat falle, wol it fakbûn helpe mei de begelieding nei in oare baan of oare opsjes.
In grut 'natuerlik ferrin' op basis fan de leeftiid is der net, seit Spaargaren. Foar it technyske personiel is mooglik genôch wurk te finen, mar der wurken ek minsken op oare ôfdielingen.
Saskia Spaargaren fan it fakbûn CNV