De toan fan Froukje Sijtsma: "Skjin op mei panne- en flesselikkers"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hast dat ek wolris ast dyn moarnsiten klearmakkest? It fruit hast snien, de músly yn it skaaltsje struid, en dan komt der mar in suterich laachje yochert út it pak. Sels ast it op de kop hâldst en hinne en wer skoddest.
Lokkich haw ik yn myn keukenlaad in arsenaal oan ark om lobbich en smeu materiaal út flessen, potten en pakken te skrabjen. Twa fleurige pannelikkers binne ûnmisber om de lêste leppels smoothie út de keukenmasine te feien. Eins haw ik oan dy twa wolris te min, want hiel faak as ik der ien nedich haw, lizze se smoarch yn de ôfwaskmasine.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik haw in hekel oan it fergriemen fan iten. Dat haw ik mei de brijleppel yngetten krigen fan ús mem. Potsjes jam of pantsjes mei saus, it moast skjin op. "Wy smite hjir niks fuort", grappen wy al as bern tsjin elkoar. Je witte ommers noait wannear't je wer te iten krije.
Neist myn brede pannelikkers, haw ik ek in lange healrûne flesselikker. Ideaal om flessen tomatesaus, of pakken mei brij út te skrabjen. En dus ek om dat lêste boaiemke yochert út it pak te krijen. Ik iepene de boppekant, skrabbe de sydkanten skjin en luts it wite guod yn myn skaaltsje. Guon teare it dan noch op en litte de tonge der noch oan te pas komme. Mar dat fyn ik echt goar, der binne grinzen.
Yn myn studintetiid moat myn Sweedske húsgenoat der ferwûndere nei sjoen hawwe. Hy fûn dy flesselikker in geweldige útfining. Hy hie it noch nea earder sjoen. Doe't syn stúdzjetiid yn Nederlân derop siet, kocht ik by de IKEA in passend ôfskiedskado: in flesselikker. Dat er ek yn Sweden noch mar omraak skrabje mocht.
Ik miende altyd dat it in typyske Nederlânske útfining wie, lykas de tsiisskaaf, mar beide binne útfûn yn Noarwegen. Yn it lân sels waard it nea in sukses, mar yn Nederlân kinne wy mar dreech sûnder dizze silikoanen swilers. En it past eins ek goed by ús skraperige folksaard. "Ja, ja, ons bin zunig".
Ik tocht dat ik hartstikke âlderwetsk wie mei myn likkers, slikkers en skrapers. Mar doe't ik op Instagram in foto poste fan in flesselikker en minsken frege oft se dy sels ek brûke, waard der manmachtich reagearre. Mear as de helte keas foar de opsje 'Ja man, lekker skrapen' en wat minder as de helte foar 'Nee, dat is niks voor mij'. "In ûnderwurdearre stikje ark', reagearre in jongeman fan yn de tweintich.
Ek de folgjende skraapgeneraasje groeit al mei it ark op. As myn dochter har skaaltsje noch net leech is, sis ik wolris grapkjend: "Dyn bakje is noch net skjin op. Lit it beppe net sjen." Doe't der lêst noch in laachje smoothie yn de keukenmasine siet, kaam se op my ta en sei sabeare-strang: "Mem, dit is noch lang net Beppe-op". Resolút rûn se nei it keukenlaad ta en oerlange my in skjin-op-skraper."