Popgala Noord kiest Joost as bêste artyst en Explore the North as bêste festival

Joost op Pinkpop © ANP
Op it Popgala Noord is de Ljouwerter Joost as bêste artyst keazen en Explore the North waard sjoen as it bêste festival.
De sjuery keas foar Joost om't er in topprestaasje levere op Pinkpop, dy't foar in serieuze trochbraak soarge. De Ljouwerter brûkt syn muzyk as terapy en is dêrmei in ynspiraasje foar oaren. Hy docht it mei flink wat humor en absurdisme.
Explore the North waard bekroand as bêste festival. De sjuery priizge de belangrike funksje fan it festival foar noardlike makkers as it giet om talintûntwikkeling en ko-finansiering. En se neamden it in ynhâldlik sterk festival, wêrby't goed gebrûk makke wurdt fan lokaasjes yn de stêd en dat tal fan bysûndere projekten en gearwerkingen inisjearret.
Earder waard al bekend dat Sjouke Nauta (earder direkteur fan Friesland Pop) in 'lifetime achievement award' krige en technikus Patrick Kramer krige in eare-award.
It popgala is in ûnderdiel fan Eurosonic/Noorderslag dat yn Grins hâlden wurdt.