Resinsje Us Man: "As alle manlju Henk hjitte..."

Henk te Biesebeek beskôget 'Us Man' © Omrop Fryslân
As it publyk him foar it grutste part kostlik fermakket, moat in foarstelling wol goed wêze. Soenen je sizze. Dochs bleaune ferskate taskôgers nei de premjêre fan 'Us Man' troch Stichting Breinroer mei in wat ûnbestimd gefoel efter.
Faaks in bytsje murf slein troch it salvo fan mear as twa oeren lang fernimstige en gauris platte grappen oer de frustraasjes fan in treasteleas houlik. Dat hie bêst wat koarter kinnen.
De foarstelling 'Us Man' is basearre op de twa ienakters 'Hexen' en 'Mijn man', dy't kabaretier Youp van 't Hek ea skreau foar syn frou Debby Petter en de aktrise Wivineke van Groningen. Under rezjy fan Berend Boudewijn waard dat yn 2007 in kassukses: kabaret bemantele as toaniel!
Anneke Hondeman en Titia Huisman as (h)exen Dolores en Wilma © Jeen Arendz
Ald-Tryateraktrise Marijke Geertsma bewurke dizze twa ienakters ta in Fryske ferzje. Har man Jan Arendz tekene foar de rezjy. Yn de foarstelling fertelle froulju hoe't se nei 30 jier houlik no echt oer manlju tinke. Wêrfan't benammen de manlju dan wer in soad opstekke kinne, sa fertelde Jan Arendz earder yn Op & Ut by Omrop Fryslân.
Jan en Marijke hawwe dit ûnderwerp oars faker by de hân hân. Yn har eigen teäterfoarstelling 'Echt Wier' makken sy as man en frou it publyk ommers ek dielgenoat fan alle wol en wee yn har eigen houlik.

Rankuneus

Wat de ynhâld oanbelanget docht 'Us Man' dêr net foar ûnder. Faaks in bytsje skerper, rankuneuzer en bytiden gewoanwei platter.
Yn de foarstelling wurde de ferhâldingen tusken man en frou op skerp set, wie ús earder yn Op & Ut foarholden. Dat is net hielendal wier. It is nammentlik benammen de frou dy't de rol fan de man yn it houlik op de hakke nimt. Sis mar rêstich, bytiden totaal filearret.
Wybe Koldijk as Henk, opsletten tusken twa froulju © Jeen Arendz
Yn (H)exen sjogge we twa froulju yn in hotelkeamer. Wilma en Dolores riede har ta op it houliksfeest fan Erik, dy't earder mei dizze beide froulju troud west hat. Erik sil no trouwe mei Patricia, in jongere flam, foar wa't hy Dolores oan 'e kant set hat.
Sy op har beurt naaide earder mei Erik út doe't dy noch troud wie mei Wilma. Al sjocht sy dat sels oars. Se hat Wilma ommers doedestiids net bedondere: "Want jimme houlik siet al op slot!"

Sarkastysk

It is ek benammen Dolores dy't de tekst foar de taspraak skreaun hat. De sarkastyske grappen dy't folgje, lykje bytiden sels Wilma te fier te gean. Lykje, want de ultime wraak blykt ferrassend noch swieter as swiet smeitsje kin...
Anneke en Titia as freondinnen oer har treasteleas houlik © Jeen Arendz
De beide froulju komme nei it skoft werom. Foar de ienakter 'Myn Man.' En dizze twa binne wier oare persoanen as dy út it earste diel, sa hie regisseur Jan Arendz foar de foarstelling it publyk noch foarholden.
Anneke en Titia spylje no twa freondinnen, dy't ûnder in goed glês wyn, harren houlik nei 30 jier beskôgje. Beiden troud mei in Henk. Alle manlju dy't yn it stik foarby komme hjitte oars fan Henk. En se binne allegear neffens de froulju te omskriuwen as in slappe sek sûnder rêgebonke. Gean der mar oan stean.
Hertstocht en leafde binne fier te sykjen. En dat hoecht eins ek net mear. It is ommers allegear sa'n gedoch. "Glassex is de iennichste seks dy't hjir yn hûs noch foarkomt", is de bittere konstatearring fan in ûntgûchele Henk. Moai ûnderkuolle spile troch Wybe Koldijk.

Selsspot

It boadskip is dúdlik. Nei 30 jier binne je útpraat. "Mijn Anna is een mooi boek, maar ik heb het al uit", sei Wim Sonneveld ea yn yn ien fan syn konferenses. Dat gie ek oer in houlik dat op slot siet. Krekt as yn 'Myn Man.' It publyk werkent de irony en selsspot en fermakket him der skoan mei.
Us man: kabaret yn toanielfoarm © Jeen Arendz
Moai hoe't Koldijk dan nei alle misledigingen troch de froulju efkes wol in man mei kloaten spilet. Ferrassend hoe't it publyk dan dochs ferrifele wurdt. Neat is wat it liket! Ferrassend ek de betizing by it publyk as ien fan de freondinnen de oare helte fan Henk blykt te wêzen. Of dochs oarsom...

Henk

It bringt de dynamyk wer efkes werom op it toaniel. En de taskôger rjochtop yn 'e stoel. Want earlik sein wie dy stadichoan in bytsje ynkachele. Hast murf slein troch safolle anekdoaten en grappen oer de frustraasjes fan in treasteleas houlik.
En dat is spitich. Want oan de prestaasjes fan de spilers op it poadium leit it net. In bytsje minder tekst nei it skoft en 'Us Man' stiet wol garant foar in fermaaklike teäterjûn. Sels as de man Henk hjit...