20 boeten yn ien wykein foar slûpriders op ôfsletten dyk by Quatrebras

Wurksumheden oan it krúspunt © RTV NOF
De plysje hat ôfrûne wykein 20 automobilisten in boete jûn foar it negearjen fan in dykôfsluting by Quatrebras. De Oude Commissieweg en de Woudweg by Noardburgum binne troch wurksumheden oant healwei maart allinnich tagonklik foar bussen en helptsjinsten.
Nettsjinsteande stekken, buorden en ûnderbuorden, wurdt de ôfsluting alle dagen mear as ien kear negearre.
Ek tiisdeitemoarn slalommen wer inkelde automobilisten tusken de stekken en wurklju troch. De plysje sil de kommende tiid faker kontrolearje by Quatrebras. "Volg de omleidingsroute en voorkom een boete van 100 euro", sa lit de plysje witte.
It krúspunt is net hielendal ôfsletten. Ferkear tusken Hurdegaryp en Noardburgum oer de N355 kin wol oerstekke.