Twaspjalt yn Wynjewâld oer dongfergister yn Lyts Grins

In folle 'publike tribune' by de riedsgearkomste fan Opsterlân © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It plan fan Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN) om yn de buorskip Lyts Grins in sintrale dongfergister te bouwen soarget foar twaspjalt yn it doarp. Foar- en tsjinstanners stiene yn de riedsgearkomste foarinoar oer.
Op útnûging fan GrienLinks en D66 kamen foar- en tsjinstanners moandei oan it wurd yn de ried fan Opsterlân, mar dat levere gjin ta-inoar kommen op.

Lyts Grins net oertsjûge

De bewenners fan Lyts Grins wolle gjin grutte dongfergister yn harren buorskip. WEN-wurdfierder Harm de Kroon sei dat der allinnich sa'n ynstallaasje komt as dy gjin oerlêst jout, mar dat argumint oertsjûge de ynwenners fan Lyts Grins net.
De gemeenteried naam moandei gjin beslút oer de dongfergister. De ried docht dat pas as der in offisjele oanfraach leit.
Buertbewenners pleatsten protestbuorden yn de riedseal © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dochs wie Marga Oosterveld fan Lyts Grins wol bliid dat sy de kâns hân hie om har ferhaal te dwaan. "Als die centrale mestvergister zo belangrijk is voor heel Fryslân, is dit dan wel de beste plek?", freget sy har ôf. Oosterveld wiist der op dat der flakby de lokaasje 60 húshâldens wenje dy't stik foar stik poer op de plannen tsjin binne.
It plan soarget neffens Oosterveld ek foar twaspjalt yn it doarp: Weinterp en Lyts Grins binne tsjin, it eardere Duerswâld is foar. "Waarom zoek je niet een betere plek uit?", frege Oosterveld oan WEN. "In het land, tussen de boerderijen die de mest leveren, dat is toch veel beter?"
In protestboerd yn de ried © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Adviseur Harm de Kroon fan WEN neamt it 'hiel ferfelend en hiel spitich' dat it ferset sa grut is. "Wy sizze dat dy dongfergister der allinnich mar komt, as dy gjin oerlêst jout foar de omwenners."
Neffens De Kroon hawwe de bewenners 'in ferkeard byld' fan de gefolgen fan in dongfergister by de buorskip. "Se sizze dat it stjonke sil en dat der in soad leven is, mar wy sizze: hy stjonkt net, der komt gjin lawaai en nachts giet it ljocht út."
In ympresje fan in enerzjypark fan Wijnjewoude Energie Neutraal © WEN
De Kroon sjocht gjin oanlieding om in oare lokaasje te sykjen foar de sintrale dongfergister. "As der gjin oerlêst is foar de buert, is der gjin oanlieding om in oar plak te sykjen."

Mediation

De PvdA yn de ried fan Opsterlân frege it kolleezje om te sjen nei in 'Remkes 4.0' foar mediation tusken WEN en Lyts Grins. Maklik sil sa'n mediation net wurde, waard moandei dúdlik. De buorskippen Lyts Grins en Weinterp lutsen harren earder al werom út de wurkgroep 'leefberens' fan WEN.
WEN-adviseur Harm de Kroon en buertbewenners oer de dongfergister