Gemeente Weststellingwerf betellet net mei oan fundearringsskea

Fundearringsskea yn de Groote Veenpolder © Rob de Wind
De gemeenteried en it kolleezje fan Weststellingwerf binne net ree om mei te beteljen oan de fundearringsskea fan feangreidegebieten. Dat die moandeitejûn bliken by in kommisjegearkomste. De gemeente wiist nei de Provinsje, it Wetterskip en it Ryk foar de kompensaasje.
Neffens Ellen Dekker, lid fan in groep saakkundigen en ynwenners dy't ûndersyk docht nei de skea yn Fryslân, moat der in goeie kompensaasjeregeling komme. Benammen boeren yn de Fryske feangreidegebieten hawwe lêst fan fundearringsskea.
Wijtze Boomsma út Snits heakke dêr fanút de Fundearringstafel oan ta, dat de gemiddelde skea oan de 'koade read-wenningen' 100.000 euro is. "Dat is in Provinciale Staten omgedraaid naar een maximum van 100.000."
Yn de Groote Veenpolder soe it gean om acht wenningen mei grutte skea, wêrfan't it pear al reparearre binne, en nochris 20 wenningen mei lichtere skea. Yn Weststellingwerf steane sa'n 650 bedrige wenningen.

Kolleezje wachtet ôf

Neffens wethâlder Zonderland binne de Provinsje en it Wetterskip no oan set om foar 1 july mei útwurke foarstellen te kommen. "En het Rijk moet een bijdrage leveren." Zonderland sei nochris dat der gjin ferantwurdlikheid leit by de gemeente foar de problemen.
Lukas van der Hoef fan it CDA is benaud dat der dochs nei gemeenten sjoen wurde sil, as der net genôch jild is. Ek fan Cor Trompetter fan SDW mei de gemeente net opdraaie foar de kosten. "Wij zijn ook slachtoffer, kijk naar de kwaliteit van de wegen in de Westhoek."
De ried wol dêrom allinnich meibetelje oan in fundearringsloket, dêr't minsken fragen stelle kinne oer harren problemen.