Oerol ferpleatst festivalhert nei Paal 8 en bringt strjitteäter werom

Parkearplak by Paal 8 op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It sintrum fan Oerol is dit jier op in parkearplak. Omdat de Westerkeyn op Skylge no echt net mear beskikber is, wurdt útwykt nei Paal 8 oan it Noardseestrân.
Oerol siet earst op de Westerkeyn op it eilân. Ferline jier waard it festivalhert splitst yn fjouwer lokaasjes. "Daar komen we dit jaar keihard van terug", fertelt Oerol-direkteur Siart Smit. It hert fan it festival is wer op ien plak dus, by Paal 8.
"Er is een programma van 10.00 tot 00.00 uur en iedereen kan elkaar weer ontmoeten, zoals dat voorheen op de Westerkeyn ook kon", leit Smit út.
Ek nij, of eins werom, dit jier is it strjitteäter. Yn 2022 wie dat der hast net, ta teloarstelling fan in soad eilanners.
"Deze editie komt het straattheater weer volop terug", seit Smit. "We zijn al een poosje in gesprek met de ondernemers op West en in Midsland, want het is een coproductie. Maar wat de bezoekers gaan zien, is dat er van 13.00 uur tot laat weer volop vrij toegankelijke activiteiten zijn in de dorpskernen."
It teäter yn it algemien wurdt wol werombrocht. Dizze edysje wurdt in tredde minder acts programmearre.
It parkearplak by Paal 8 © Omrop Fryslân, Lennard Geerts