Bosk-beammen pleatst yn sintrum It Hearrenfean as ynspiraasje foar fergriening

Pleatsen fan bak mei beam op it Gemeenteplein © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In part fan de beammen fan it kuierjende Bosk yn Ljouwert is moandei nei It Hearrenfean ferhuze. Dêr moatte se foar mear grien en gesellichheid soargje.
Yn totaal komme der earst 28 bakken yn it sintrum fan It Hearrenfean. Dêrfan stean 15 op it Gemeenteplein, in grize tegelflakte dy't wol wat grien brûke kin.
Sokke plakken binne der mear, jout wethâlder Sybrig Sijtsma oan. "Het centrum is aardig versteend. Een van de plannen is om het te vergroenen. En om het gezelliger te maken, zodat mensen hier ook wat langer willen blijven. Een plek om elkaar te ontmoeten."
Bosk-beammen nei It Hearrenfean
De groep beammen stiet der dus net allinnich foar de gesellichheid. "Het heeft ook de functie dat het koeler is, dat het beter water vast kan houden", seit Sijtsma. "En we doen wat aan de biodiversiteit."
Inisjatyfnimmer fan it projekt is direkteur Geert Dijkstra fan it Posthuis Theater. Hy hie yn Ljouwert sjoen hoe moai oft de beammen fan Bosk dêr wienen.
"Doe gie it bosk farrend nei Akkrum ta", fertelt Dijkstra. "De gemeente Hearrenfean sei: we hawwe in pear beammen kocht en dy sille wy yn ús gemeente plantsje. En wy hienen it gelok dat se noch in jier yn de bakken bliuwe koenen. Sa kinne we yn it sintrum de belibbing fergrutsje."
Bak is pleatst © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Oare plannen dy't útfierd wurde sille, is de fergriening fan in nije parkeargaraazje op it Burgemeester Kuperusplein en it ferfangen fan tegels op ferskate plakken op It Hearrenfean.