Eaststellingwerf lûkt 20.000 euro út om letterswakke ynwenners te helpen

Eaststellingwerf lûkt 20.000 euro út wêrmei't it minsken helpe wol dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Yn de gemeente leit it oandiel letterswakke ynwenners mei 13 persint krekt boppe it lanlik trochsneed fan 12 persint.
De grutste útdaging foar it kolleezje is it berikken fan de doelgroep. Om op in goede oanpak yn te setten, wolle boargemaster en wethâlders dêrom in 'oanjager' oanstelle, dy't in beliedsplan skriuwe moat. Foar dizze funksje lûkt de gemeente 25.000 euro út.
Digi-Taalhuis
Ien fan de wichtichste ynstruminten yn de oanpak soe it 'Digi-Taalhuis' wêze, in inisjatyf dat minsken earder holp mei it lêzen, skriuwen, rekkenjen en wurkjen mei de kompjûter.
In pear jier lyn hat in proef yn de Stellingwerven west mei sokke Digi-Taalhuis-moetingsplakken, doe yn de biblioteken fan Wolvegea en Noardwâlde. Minsken koene gebrûk meitsje fan tagonklike boeken, lanlike oefenprogramma's en frijwilligers stiene klear om har te helpen.