Sechstjin deade skiep by boer yn Boyl: "Ik wist dat het weer een keer zou gebeuren"

By in boer yn Boyl binne snein meardere skiep deabiten. Neffens de boer, Roelof Groen, wie it it wurk fan in ridel wolven. Hy hat de deade skiep demonstratyf foar op it hiem dellein.
"Het ging heel lang goed, maar ik wist dat dit weer een keer zou gebeuren. Een week eerder waren er vier schapen dood aan de Dwarsvaartweg", seit Groen. Sûnt oktober hie er fjirtich skiep yn in lân ticht by it Drents-Friese Wold.
De skiep binne yn de nacht fan sneon op snein oanfallen, nimt Groen oan. Hy fûn snein by deiljocht alve deade skiep. Njonken dy alve hat de bistedokter ek fiif oaren ynsliepe litten. Dy wienen ferwûne.
Deade skiep by boer yn Boyl
"Ze lagen over het hele terrein, het gaat om een groot gebied vijf hectare. Er lagen losse staarten in het land. Volgens de deskundige betekent dit dat er jonge wolven bij zijn geweest. Die pakken een schaap nog niet bij de strot, maar zijn aan het spelen met de schapen."
Skiep ferpleatst
De oare skiep hat Groen nei in oar plak by Boyl brocht. By fjouwer oanfallen is er 39 skiep kwytrekke, fertelt er. It is yn it gefal fan ôfrûne wykein noch net befêstige oft it om in oanfal fan in wolf giet.