Cambuur sjit net folle op mei punt tsjin FC Emmen

Teloarstelling by Jamie Jacobs © Orange Pictures
Sportklup Cambuur mei der wer in punt byskriuwe yn de earedivyzje. De Ljouwerters spilen sneintemiddei yn in striemin duel mei 0-0 gelyk tsjin FC Emmen. Nettsjinsteande dat punt bliuwe de Ljouwerters achttjinde en lêste yn de earedivyzje.
By de Ljouwerters wie rjochtsbûten Sylvester van der Water net oanwêzich fanwegen sykte. Dêrom stie de Frânsman Robin Maulun yn 'e basis. Yn it hert fan de ferdigening krige de 19-jierrige Floris Smand it fertrouwen boppe Marco Tol.
Opstelling: Virgínia; Schmidt, Smand, Bergsma, Bangura; Hoedemakers, Van Kaam, Jacobs; Breij, Boere, Maulun.
Nei fjouwer minuten hiene de Ljouwerters gelok dat keeper Virgínia stean bliuwe mocht. De keeper fan Cambuur, dy't yn de beker tsjin De Treffers in reade kaart krige dy't seponearre waard, rûn fier bûten de eigen sechtjin meter Emmen-spits Zivkovic omfier. De Portugees krige in giele kaart, de frije traap fan Mark Diemers gie krekt njonken it doel fan Cambuur.

Knuffels op it fjild

De ploech fan trainer Sjors Ultee spile de iepeningsfaze fan it duel mei in soad eangst. Emmen sette druk, mar krige gjin grutte kânsen. Nei in lyts kertier lei de wedstriid efkes stil doe't der út it útfak wei tsientallen knuffels it fjild opsmiten waarden. It wie in gebaar fan stipe fan de Cambuursupporters foar in supporter fan Emmen, dy't syn dochterke ferlern is.
Knuffels fan it Cambuurpublyk foar in Emmensupporter © Orange Pictures
De wedstriid kaam dêrnei wat mear yn lykwicht. Cambuur krige in hiele grutte kâns doe't Jacobs allinnich foar keeper Van der Hart set waard troch Breij. Spitigernôch krige de middenfjilder de bal der, net foar it earst dit seizoen, net yn.
Nei yn lyts heal oere makke Virgínia syn flater fan de earste minuten goed doe't hy in ynset fan Zivkovic oant twa kear ta knap út 'e hoeke wei tikte. It duel sakke dêrnei wat fuort en 0-0 wie dan ek de stân by it skoft.

Typyske 0-0 wedstriid

Yn it begjin fan de twadde helte hie Emmen in soad de bal, mar grutte kânsen krige de thúsploech net. Cambuur sakke yn en besocht ôf te wachtsjen, om der dêrnei rap út te brekken. Dat barde allinnich net op gefaarlike wize.
Mei noch in kertier te gean brocht trainer Ultee spits Uldrikis yn de ploech, mar it duel hie him doe al ûntwikkele ta in typyske 0-0 wedstriid. Fiif minuten foar tiid helle Vlak gefaarlik út, mar Cambuurkeeper Virgínia koe de bal noch krekt út de krusing wei bokse. Emmen besocht dêrnei noch troch te drukken, mar Cambuur luts it lykspul oer de streek.

Earste punt sûnt oktober

Troch it lykspul bliuwt Cambuur ûnderoan stean yn de earedivyzje. De efterstân op Volendam (17), Emmen (16) en FC Grins (15) is trije punten.
Wol wie it foar it earst sûnt 9 oktober dat de ploech wer in punt pakte. Doe waard it ek 0-0 yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles.
Takom wike sneon komt Cambuur wer yn aksje, dan stiet yn Ljouwert it duel tsjin Sparta op it programma.