Suzanne Schulting slút EK shorttrack ôf mei fjouwer kear goud en ien kear sulver

Shorttrackster Suzanne Schulting hat op de lêste dei fan it EK shorttrack nochris twa kear goud en ien sulveren medalje pakt. Se wie mei Nederlân de bêste op de mingde en de frouljusrelay en waard yndividueel twadde op de 1.000 meter.
Sneon wie Schulting ek al de bêste op de 500 en 1.500 meter. De Friezinne slút sadwaande har EK ôf mei fjouwer gouden medaljes en ien sulveren.
Foar Itzhak de Laat ferrûn it toernoai op de yndividuele ôfstannen teloarstellend. Hy pakte dochs twa kear goud: mei de mingde en manljusrelayploech.

Op de slotdei moast Schulting de Belgyske Hanna Desmet foarlitte op de 1.000 meter, nota bene Schulting har favorite ôfstân.
Schulting, twafâldich olympysk en wrâldkampioene op de 1.000 meter, griep de kopposysje en like ek op de winst ôf te gean. Yn it lêste rûntsje sette Xandra Velzeboer lykwols in ynhelaksje yn, dêr't Desmet optimaal fan profitearre: se helle beide Nederlânske rydsters yn.
Yn de lêste bocht slagge it Schulting net mear om de efterstân op har trainingsgenoat goed te meitsjen. Se baalde: "Ik ga alleen maar voor goud."

Fierder kin de bêste Nederlânske shorttrackster oait weromsjen op in slagge toernoai. Sneon wie se dus al de bêste op de 500 en 1.500 meter. Mei de mixed-relayploech pakte se snein har tredde gouden medalje nei in spannende finale. Itzhak de Laat joech de kopposysje út hannen, mar Jens van 't Wout pakte dy flak foar de finish werom, mei tank oan in falpartij by de Italianen.
De finale fan de frouljusrelay wie minder spannend. Fan sawat start oant finish ried Nederlân op kop. Mei noch twa rûntsjes te gean wie Schulting oan bar: se joech har grutte foarsprong net mear fuort.
De Laat: twa kear relaygoud
Itzhak de Laat ried in teloarstellend yndividueel toernoai. Sneon kaam er tekoart yn de heale finale fan de 1.500 meter en snein kaam er net fierder as de kwartfinale op de 1.000 meter. Hy gong mei de Italiaan Pietro Sighel ûnderút en krige dêrfan de skuld fan de sjuery.

Dochs pakte de Ljouwerter dit EK twa kear goud. Mei Schulting, Van 't Wout en Xandra Velzeboer op de mingde ôflossing en as ôfsluter fan it toernoai ek mei de manljusploech op de relay.
Dy wedstriid wie lang spannend, mar omdat alle oare lannen ûnderút gongen, koe Nederlân - mei De Laat, Friso Emons en de bruorren Jens en Melle van 't Wout - ienfâldich nei de winst ta ride.