Joadske begraafplakken yn Fryslân faak ûnbekend by grutte publyk

Joadsk begraafplak yn Noardwâlde © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
It is de tragyk fan de Joadske begraafplakken yn Fryslân. Omdat yn de oarloch safolle Joaden omkamen, binne der no te min neibesteanden om de begraafplakken te ûnderhâlden.
Nei de oarloch rekken guon begraafplakken fertutearze. Mei help fan frijwilligers wurde se no kreas hâlden. Yn Fryslan binne 13 Joadske begraafplakken yn 11 doarpen of stêden. De grutste is yn Ljouwert mei 1.084 grêfstiennen.

Bûten it doarp

De wat lytsere lizze meastentiids bûten it doarp. Dat hat in reden, seit kultuerhistoarysk meiwurker Stefien Smeding fan It Fryske Gea: "In dea persoan is yn de Joadske kultuer ûnrein en moat dêrom fier fan it doarp ôf begroeven wurde."
It Fryske Gea is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it Joadske begraafplak bûten Noardwâlde.
Geert van der Laan docht al 30 jier it ûnderhâld en fynt it in bysûnder plak fanwegen de rêst en de ienfâldige yndieling. In grouwe wâl fan beammen soarget derfoar dat der hast gjin wyn stiet. Dat jout it terrein fan in heal fuotbalfjild in mystike sfear.
Stefien Smeding (It Fryske Gea) en Kees de Haan (stichting Joodse Begraafplaats Tacozijl) © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
"Vroeger speelden wij als kinderen hier. We maakten gaten in de grond en speelden in de bosjes", seit Van der Laan. No meant hy it gers en snoeit hy de bûkehage. Op it begraafplak stean trije grêfstiennen. Op ien derfan leit in losse stien. "Hjirmei litte besikers witte dat se west ha", sa leit Stefien Smeding út.

It Fryske Gea

It Fryske Gea is op de eftergrûn ek belutsen by it ûnderhâld fan it Joadske begraafplak fan Teakesyl by De Lemmer. Krekt ûnder de seedyk stean 29 grêfstiennen yn wat Kees de Haan in 'Griene Húskeamer' neamt. De Haan sit by in stichting dy't yn 1989 begûn mei it opknappen fan de grêven.
Joadsk begraafplak yn Teakesyl © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
"Dit is in bysûnder plak, omdat je sa tichtby de seedyk binne en it kontrast tusken it romme lânskip en de smoute romte fan it begraafplak grut is", seit De Haan. Mei jild fan de eardere boargemaster Van Swinderen fan Gaasterlân is it begraafplak 150 jier lyn ophege omdat de grêven geregeld ûnderstrûpten.
De kommende wiken besjocht de stichting, mei it Nederlands Israëlisch Kerkgenootschap, oft it begraafplak better sichtber makke wurde kin foar toeristen en belangstellenden.
Reportaazje oer de Joadske begraafplakken
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.