Dokkumer Willem de Jong docht saken yn Pakistan: "Lokale minsken helpe"

Willem de Jong fan Santexo © Omrop Fryslân, René Koster
Willem de Jong fan Dokkum is krekt werom fan in sakereis nei Pakistan, dêr't er suksesfol hannel mei docht. "Mar dêr seach it dêr earst bepaald net nei út", fertelt er yn it radioprogramma Buro de Vries.
De Jong hat ûnder de namme Santexo yn Dokkum en Ljouwert in gruthannel yn bedriuwsklean. In soad op dat mêd lit er yn Aziatyske lannen meitsje. Acht jier lyn besocht er ek wat mooglikheden yn Pakistan en al gau wie de ferwachting dat dat fan koarte doer wêze soe.
Trije projekten mislearren dêr en krekt doe't er him foarnaam hie dêr nea wer wat meitsje te litten, krige er in telefoanstje. It wie Mohammed Hassan Afsal, in lytse kleanprodusint yn Pakistan dy't ek graach saken mei him dwaan woe. De Jong lei Afsal út dat er dat net woe, en ek wêrom net. As foarbyld neamde hy in oarder dy't tsjin de ôfspraak yn, noch altyd net binnen wie.
"Dan wer soe it guod op dat fleanfjild klear stean, dan wer op in oar; mar hoe dan ek, it kaam net by my. Doe frege dizze, my fierder ûnbekende Pakistaanske man, samar oft hy besykje mocht dat probleem op te lossen. Hy hat der efteroan west en dy oarder flot lutsen."
Willem de Jong by de iepening fan it nije fabryk © Eigen foto
Om te sjen oft der fierder ek saaklike kontakten mei dizze ûndernimmer mooglik wiene, reizge De Jong yn 2015 ôf nei Pakistan. De earste yndruk wie dramatysk en it like der op dat it neat wurde soe. Doe't Mohammed him lykwols frege om in earlike analyze te meitsjen, gie Willem de Jong dêr ris serieus foar sitten.
It bliek it begjin te wêzen fan in suksesfolle gearwurking. Der waard ynset op bettere omstannichheden foar de arbeiders, in bettere logistyk, bettere kontakten mei leveransiers fan stof en finansjele gearwurking.

Gat yn de merk

In gat yn de merk bliek it meitsjen fan bedriuwsklean yn lytse ienheden. Net kontenerfol, mar sa'n 25 oant 50 broeken of jassen, en dan bygelyks mei details yn de bedriuwskleuren fan de opdrachtjouwer.
"It is fansels in lytse merk, mar it wurket goed. Der is echt belangstelling foar", lit de Fryske ûndernimmer witte. In pear wike lyn mocht de Dokkumer sels it nije fabryk fan syn Pakistaanske relaasje iepenje.
Willem de Jong by de famylje Afsal © Eigen foto
Willem de Jong fertelt der wol by dat er fansels net roomsker is as de paus: hy wol der ek wat oan fertsjinje.
"Dochs jout it in goed gefoel, dat jo net allinnich de lokale minsken fierder helpe, mar dêr sels ek persoanlik fan groeie. Bygelyks by sa'n hiele Pakistaanske famylje thús ûntfongen wurde: dat binne de krinten yn de brij!"
Harkje nei de reportaazje mei Willem de Jong yn Buro de Vries
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.