Ljouwert as springplanke foar net-Fryske muzikanten: "Je krijgt hier veel meer kansen"

Eurosonic by de lêste edysje mei pubyk, yn jannewaris 2020 © ANP
Foar begjinnende muzikanten komt der in wichtige wike oan. Woansdei begjint it showcasefestival Eurosonic / Noorderslag yn Grins, dêr't ûnder oare Moonloops, Historian en Johnny Loves Me harsels toane wolle.
Moonloops is it alter ego fan Sarah Dekker, in sjongeres út Grins dy't har oplieding as muzikant yn Ljouwert folge. Se gie derhinne foar de oplieding oan de Academie voor Popcultuur (AvP).
Datselde jildt foar Lissie van de Laar, toetsenist by de band Historian. En Jonathan Bergsma, dy't muzyk makket ûnder de alias Johnny Loves me, gong hjir ek hinne.
"Het was eerst wel even wennen in Leeuwarden", moat Dekker tajaan. "Maar als beginnend muzikant is het hier wel superfijn."
Als je graag wil experimenteren, dan is Leeuwarden veel geschikter dan Groningen.
Lissie van de Laar
Se wie wend oan Grins. In stêd dy't net folle grutter is as Ljouwert, mar dêr't it foar begjinnende muzikanten wol dreech is om 'dertusken te kommen', seit Van de Laar. "In Groningen zit een sfeertje van exclusiviteit, het is best moeilijk om daar door te breken."
Dêrom is Ljouwert hiel noflik. "Je hebt hier de Popacademie, D-Drive, Neushoorn: veel meer ruimte voor beginnende artiesten. Als je graag wil experimenteren, dan is Leeuwarden veel geschikter dan Groningen."
- Moonloops spilet op tongersdei 19 jannewaris om 20.30 oere yn Vrijdag
- Historian spilet op freed 20 jannewaris om 21.30 oere yn Vrijdag
- Johnny Loves Me spilet freed 20 jannewaris om 22.30 oere yn Vrijdag
Sa sjocht Bergsma it ek. Hy komt út Enschede en is nei Ljouwert ta ferhuze. Hy fielde him al gau op syn plak.
"Je hebt hier veel vrijheid en veel ruimte", seit er. "Ik had nog nooit ergens anders gewoond dan in Enschede, maar ik voelde me hier wel op m'n plek."
Dekker, Van de Laar en Bergsma ha beide studearre oan de AvP. De earste twa dienen dat yn coronatiid en dat wie lang net ideaal. "Dat hielp niet mee", seit Dekker.

"Online werkte totaal niet"

"Dat was een groot probleem", follet Van de Laar oan. "Het is een heel fysieke studie. Je wilt optredens doen, ter plekke zijn. Dat kwam er door corona allemaal veel minder goed uit."
Historian spile yn oktober yn Noardewyn:
Krekt as by oare opliedingen ferhuzen de measte fakken yn coronatiid nei online. Dêr hienen de studinten oan de AvP faak neat oan, seit Van de Laar. "Een van de keuzevakken ging over hoe je op een podium staat. Ik had gehoord dat de docent van dat vak heel goed was, maar dat werkte met online lessen totaal niet."
It wie net allinnich kommer en kwel. "Er is veel ruimte", seit Dekker. "Het materiaal is goed, je kunt er goed een netwerk opbouwen. En voor mij was het een goede periode om erachter te komen wie ik ben."
Sarah Dekker, alias Moonloops, spile ferline jier yn Noardewyn:
Se hat dêrom ek beslist gjin spyt fan har beslút om nei Fryslân te kommen. "In Groningen kwam ik er nooit tussen, in Leeuwarden heb je veel meer kansen. Ik heb hier zoveel meters gemaakt, ik kon op veel kleine plekken spelen. Zonder Fryslân had ik nooit bereikt wat ik nu bereikt heb."
Bergsma kin him dêr wol yn fine. "Alle vrijheid die ik hier had is soms ook een valkuil, want het is soms wel moeilijk om alles te bepalen. Maar zo ziet het leven van een zelfstandig creatief persoon eruit: soms moet je het the hard way leren."
Hy wie al earder oan de AvP begûn en hie dus minder lest fan de coronabeheiningen. "Ik heb geleerd over songwriting, over muziek produceren, over netwerken, over ondernemen. Ik heb er echt wat aan gehad."
Johnny Loves Me ein ferline jier by Noardewyn:
De trije artysten brûke Ljouwert as in soarte springplanke nei in karriêre yn de muzyk. Van de Laar studearret ek noch. "En ik heb een bijbaan van twaalf uur per week, maar ik hoop dat ik steeds meer tijd kan vrijmaken voor muziek. We repeteren met onze band nu een keer per week. Van dat samenspelen word je ook beter. Ik leer nu ook heel veel van m'n bandleden."
Ek Van de Laar sjocht posityf werom op har beslút om nei Ljouwert te kommen, ek al hat se de oplieding oan de AvP net ôfmakke. "Als je theorie wil leren en veel in de boeken wil zitten, dan moet je hier niet heengaan. Maar als je echt aan de slag wil, dan is Leeuwarden een heel goede plek. Veel toegankelijker dan veel andere steden."
Kommende wike steane Moonloops, Historian en Johnny Loves Me allegear op Eurosonic yn Grins. Dat is in showcasefestival mei hûnderten artysten út hiel Europa, dy't har sjen litte oan it publyk, mar ek oan bygelyks boekingskantoaren en festivalorganisatoaren.
Op eardere edysjes stienen ûnder oare de doe noch ûnbekende Stromae, Dua Lipa en Calvin Harris.
Goldband spile him yn 2020 yn de kiker op Eurosonic en spile it ôfrûne jier op it iene nei it oare grutte festival © ANP
"Eurosonic is een grote naam in de muziekindustrie", seit Bergsma. "Het is ook een stukje prestige."
De trije 'Fryske' artysten steane tafallich allegear op itselde plak: by muzykskoalle Vrijdag oan de Sint Jansstraat. "Daar heb je een goede akoestiek", seit Van de Laar. Mei har bandleden fan Historian is se al in skoft nije nûmers oan it oefenjen. "Die zijn we al een paar weken aan het spelen, nu zijn we vooral bezig om het te perfectioneren. We willen ons goed presenteren."
Foar Bergsma is it net de earste kear dat er op Eurosonic stiet, mar it wurdt wol in hielendal nije ûnderfining. "In 2019 mocht ik al wat liedjes spelen in een smoothiebar, dat telt niet echt mee. Nu wil ik een strakke show neerzetten. En ik hoop dat een manager of een boeker geïnteresseerd is, want ik kan nog wel wat zakelijke hulp gebruiken."