Sc Hearrenfean lottet tsjin NAC Breda yn KNVB-beker

Doelman Noppert fan sc Hearrenfean © ANP
Yn de KNVB-beker spilet sc Hearrenfean yn de achtste finales tsjin NAC Breda. Dat is út de lotting fan sneontejûn kaam. SC Cambuur is al út de beker nei't de Ljouwerters ferlearen fan De Treffers.
Yn de foarige wedstriid yn de twadde ronde fan de beker wûn sc Hearrenfean fan FC Volendam.
De oare wedstriden binne: Ajax - FC Twente, PSV - FC Emmen, Feyenoord - NEC, ADO Den Haag - Go Ahead Eagles, Spakenburg - Katwijk, AZ - FC Utrecht en De Graafschap - De Treffers.
De achtste finales wurde spile op 7, 8 en 9 febrewaris. De krekte data en tiden wurde letter bekend makke. De finale is op 30 april yn De Kuip yn Rotterdam. Foarich seizoen wûn PSV de beker.